Oplossings?

Problemen binne der om oplost te wurden. Sa komt it nije Frysk museum der, omdat de boargemaster fan Ljouwert yn dy tiid, korrupt oant yn de teannen, yn it foar de útslach fan it referindum al wist. As der mear minsken tsjin as foar stimme, wat te ferwachtsjen wie, sizze we gewoan dat der gjin (en no begjin ik hast te koarjen) 'gekwalificeerde meerderheid' wie. Sa dogge je dat.

Hjoed nijs oer de brânwacht. Te djoer, dus moat der ien en oar ticht. Mar, der is in noarm yn dit lân, dy't seit hoelang je der oer dwaan meie om by de fik te kommen. En leau my mar, de measte brânwachten binne heale pyromanen, dus dy wolle echt wol.
Goed, as je yn bepaalde hoeken yn Fryslân de oanrydtiid net binnen de noarm helje? Jim fiele him al oankommen fansels. Juist, daar hadden we dus het volgende op gevonden: Wy ferromje de noarm. En dan wurdt it as bonus ek noch feiliger, want wy falle binnen alle noarmen! Briljant! Jou dy persoan dy't dit betocht hat in sigaar en lit him of har direkteur fan de Caparis wurde, binnen in jier is der in oerskot op de begrutting, let mar op.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen