Split Enz op de skoaltas

Junior moast in skoalletas ha. Dat ha je as se grut wurde. It die my tinken oan de tas dy't ik eartiids hie. Dat wie in hiel o heden. Der waarden doe strange easken oan sa'n tas steld. Hy moast fan lear wêze, mei twa fan dy knipslotten der op en in riem mei gesp. En hy moast netsjes bliuwe. Alteast, yn de earste klasse. Healwei it jier skreanen we de tas fol mei swarte filtstift. Alle subkultueren waarden etalearre. En jo tilden dy tas net oan it hânsel, mar sa dat er nei oardel jier útskuorde.

No wie ik yn dy tiid foar PSV, je ha sa jo jeugdsûnden. Dire Straits, Status Quo, The Cure en mear fan soks waard op myn tas kalke. Alles sa dat je net tefolle út de toan foelen. Mar ik hie der ek noch wat in frjemde bandnamme op stean: Split Enz. De bruorren Neil en Tim Finn út Nij Seelân. Doe't ik foar it earst I hope I never hearde wie ik ferkocht. Letter, doe't de Finn mannen Crowded House oprjochten en it prachtige album Woodface makken waard ik noch in grutter oanhinger. En dat is noch sa.

Yn myn riante wurkbus (lês barrel) ha ik in cd spiler. Echt wier. As it bûtendoar wat damp waar is net, mar oars ha ik njoggen fan de tsien kear de grutste hits fan Crowded House op stean. As it damp is wol de cd-spiler net begjinne, dat sadwaande.
De lytste nûmers binne faaks it moaiste, en Four seasons in one day is dêr in moai foarbyld fan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen