Snieflokje

Gjin grutte oankeapen dit jier by Feyenoord. Dat snap ik, want de grutste opfretter stiet net yn it fjild, mar sit op de bank. Gjin neil om de kont te klauwen dêr yn Rotterdam, mar wol ien fan de djoerste treners oanstelle. Sil wol ien as oare havenbobo garant foar stean.
Mar dat se him foar de groep sette begryp ik net. It is gjin skoalmaster sa as Foppe of Wiljan Vloet (en Jans). Koeman is der noch nea yn slagge in âlvetal better spylje te litten. Ja, hy is in kear as wat kampioen west en hat lofts en rjochts in pear skalen yn de kast stean, mar mei materiaal dêr't de gemiddelde trener fan in fiifde klasser it ek mei oprêden hie. As je mei  Zlatan Ibrahimović, Rafael van der Vaart, Ahmed Hossam, Hatem Trabelsi en Maxwell gjin baas yn Nederlân binne, dogge je it net goed. Mar as coach fan Valencia, Benfica, AZ en PSV moast er bouwe oan in team. Dat kin er dus net.
No moat er mei in drege groep oan it wurk yn Súd. In groep dy't bepaalt wa oft harren it balskoppen leare mei. Been en Verbeek binne net troch de lieding ûntslein, mar troch in stik as wat fuotballers dy't net goed prestearje, en de skuld dan mar op de trener skowe. In nuvere wrâld dêr yn de Kuip. It earste jier sil er it foardiel fan de twivel noch wol krije, mar dan sil der wer in oanfierder foar de kamera komme, om te sizzen dat in net neier te neamen oantal fan de spilersgroep net mear mei Snieflokje wurkje kin. It hâldt je fan de dyk, dat trenerskip.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen