It Feen en It Fean

Winkels 't Fean enerzjysuniger. Kop fan in berjocht op de Omropside.
Ik tocht, ris efkes lêze hoe't se dat dêr oan de Kolk oplosse wolle. Blykt it oer It Hearrenfean te gean. Dat is betiizjend.

It Fryske Haachje, Et Vene yn it Stellingwerfsk, of It Feen. Niks It Fean. Dat is klaaiklutepraat. It Fean leit yn de wâlden, It Feen net. Yn it Fean wennet Joop Atsma, yn It Feen Tineke Huizinga. It Fean hat syn profronde en it fjildriden, It Feen hat De SC, Thialf en de Friesland Flyers.
Yn It Fean prate se wâldfrysk, yn It Feen sille se sa njonkenlytsen wol meast Nederlânsk prate. Der bestiet wol in Feenster dialekt, mar dat is der al aardich útstoarn.
Ik leau net dat de omlizzende doarpen benaud binne foar It Fean, hoe oars is dat mei It Feen. Se ha beide in sintrumfunksje, mei winkels en sa. It Feen is moaier as Drachten, dat sille se fan It Fean ek wol sizze.

Dus, It Fean is It Feen net. En oarsom.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen