La Grande Boucle

As slim gefal fan sportferdwaze allessjogger folgje ik de meast idioate sporten. Dus de Tour de France ek. Net dat it de moaiste tour is, dy yn Itaalje is folle better en dreger, mar de Tour hat no ien kear de namme. Eartiids wie it sa dat de measte etappes it oansjen wol wurdich wienen. Winnen tsjin Bernaudau en Pieter tsjin dy Dútser, datsoarte ritten. Ik ha it skema besjoen, de earste wike hoech ik net te sjen. As er goed is, wurdt dat de grutte Cavendish show. Dat is net om oan te sjen. Se litte in stel stumperts gean, dy meie in minút as tsien pakke, en dan jaget it peloton krekt sa hurd dat se trije kilometer foar de streek ynhelle wurde. Dan sette se Mark Renshaw as in om him hinne bitende hiemhûn foarop en de ein fan it sankje: Cavendish winner. En al dy tiid moatte je dat gejeuzel fan dy Drint mei 'de deskundige' oanhearre. 'Kijk dan! Kijk eens wat ze doen! Zo, dat is pas linkeballen, zeg!'
Ik sjoch it net. De Tour fan ferline jier wie om krekt te wêzen twa minuten spannend, yn ôfwachting fan wa't Contador byhâlde koe. Schleck net? Okee, doe wie de Tour dien. Gjin flikker mear oan.

'De klim is 14 kilometer lang, waarvan de eerste 13.5 licht valsplat omhoog gaan, maar dan! Die laatste 500 meter, enorm stijl, met uitzondering van de laatste 400 meter, die lopen soms zelfs licht bergaf.'
'Ja, en ze zijn nu al bezig om de beste posities in te nemen, zie je dat?'
'Nog een linker bocht en dan begint het.'
In kertier letter ha ik noch gjin bocht nei links sjoen, Ducrot komt der ek net op werom. Wat in lulhannes is dat.
As de bergen komme, sjoch en harkje ik nei de Belgen. Dan krije je ek nochris in sappige anekdoate oer de freondinne fan Boonen, of de tredde bal fan Steegmans dy't drok mei biologyske byflapkes bestride wurdt. Twadde opsje is in placenta út Bulgarije der by yn tropje, helpt ek tige. Alles better as dat kulgeouwehoer fan Ducrot. Jammer dat De Neel him deasopen hat, dy tegearre mei Smeets yn in hokje, dat wie radio op TV.
En o, ja, foar de kommersjelen ûnder ús: RTL wol ek meidwaan, dus ha se in blik mei kreaze fammen en in balskoprabberijneattesizzenplatneatteaheakjendoerstallich format ûnder it stof weihelle, en dat as tsjinhinger fan de Avondetappe set. No, Genee, how low can you go?

Contador wint, mei ôfstân.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen