Skûtsjepool

Eins hie ik him hjoed winne moatten. It Feen lei der prachtich by, mar ja. Dat se it noch oan it sânde plak ta brocht ha, jout betrouwen. Komt wol goed.
Moandei starte fan it fiifde plak, no, as der in bytsje wyn is, kinne we dy 0.9 hast wol byskriuwe. As dit no de minste wedstriid wie, is der neat oan de hân.
De fleur der mar wat ynhâlde. It wie oars in spul fan kâlde hannen dêr oan de Tynje. Nije wike simmer, de koarte broek oan en oan it ein fan de middei lek stutsen wurde troch de brimzen dy't de tongerbui ek oan kommen fiele. Fûgeltsjelân, no? SIMMER YN FRYSLÂN!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen