Not done, steltsje kultuerbarbaren!

Trije jongens, ûnder wa ien fan 19 jier út Ljouwert, binne sneontejûn om tsien oere yn Ljouwert mishandele mei in whiskyflesse. (Omrop Fryslân)


Der binne dingen dy't je net dogge. Not done, sizze se yn Ingelsk sprekkende lannen. In oantal foarbylden: 
Je smite gjin rommel op iishockeyiis. Je rinne op de green net oer de tinkbyldige baan fan in golfbal. Yn in fergadering besykje jo it frijlitten fan lichemsgas sa beheind mooglik te hâlden. As je it net iens binne mei in oar, fege je der net daliks yn, mar besykje mei arguminten je gelyk te krijen. 
En je misbrûke gjin whiskyflesse. Not done. 


Doe't ik jierren lyn yn Skotlân in stokerij besocht, fielde ik de leafde fan de minsken foar it produkt dat se makken. It hie in soad wei fan religy. As ik der goed oer neitink, rûk ik noch de ikehouten fetten, rigen lang opsteapele, en foarsjoen fan jiertal fan produksje. 


As der dan in pear domkoppen elkoar de harsens ynslaan wolle, moatte se dat sels witte, mar brûk dan in oare flesse. Grinzer Bearenburg of sa. Mar gjin whiskyflesse. Not done. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen