Periode van 'gewenning'

Leave lêzerkes, we belibje turbulente tiden. In lytse gearfetting:

De NAVO smyt mei bommen. (Gaaaap)
Troch it misbaksel dat Beurs hjit, is it pensjoenjild aanst op. (Fraach is: wêr is it blean?)
Man pykt út, út in sletten ynrjochting. (Sprekt elkoar tsjin)

En sa is der noch folle mear. Mar ien ding foel op: ús senatoren krije in iPad. Ja, echt wier.
No hie ik fan de earste keamer altyd it idee dat se alle stikken yn grut lettertype oanlevere krigen. Mar sjoch no, se binne blykber ek by steat om in tablet te betsjinjen. Of...

Sjoch, dat se gjin beammen mear omseagje hoege om al dy oerstallige nota's en moasjes út te printsjen, is fansels hartstikkene prima. (boarne: F de H te N.)
Mar dy tabletten, dy sille se sels net betelje. En no is der ek noch in 'periode van gewenning' ôfkundige. Dus kostet it ús dûbel jild.

Ik stel my sa foar dat de koerier, dy't al dy stikken altyd by de Leden der Eerste Kamer thúsbesoarge (!), no mei smart opwachte wurdt. Want se ha wol in bak mei e-mail krigen, mar it échte gefoel komt pas as je de ellinde rûke en fiele kinne. Dan komt de wiere senator yn it folk boppe. Je sjogge Wiegel ek net mei in nikotineferfangende keunstsigaar yn it fytsehok stean, wol?

Ik bin dus bang dat se 'het mannetje dat bij ons de computerzaken doet' freegjen gean, oft er dy iPad net oan in printer knoopje kin. Want digitaal besjen hoe't we troch de Euro nei de ratsmodee gean, is neat. Dat moatte je bewust meimeitsje, in the flesh.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen