Foppe

Foppe werom by It Feen. As dat mar goed giet. Ynearsten sil er him dwaande hâlde mei de jeugd. Mar sawol Foppe as Gertjan Verbeek binne baaskes. Dy't harren oeral tsjinoan bemoeie wolle. Op himsels neat mis mei, de boer moat sels de leie ha. Verbeek hat yn de pear moannen dat er yn Rotterdam wurke, de heale Kuip oars ynrjochte. Omdat hy dat woe. Moaie keardel mei in eigen idee oer prestearjen.

Sa sit Foppe ek ynelkoar. Ik foarsis dat er him nei ferrin fan tiid oppenearje sil oer it earste âlvetal. As dy spylje as in krante, en hy fan miening is dat it better kin, is der fêst ien as oare sjoernalist dy't dat der út lûkt. En dan binne de rapen gear, om mar ris in Feanbyldspraak te brûken.

Foppe hat safolle ûnderfining dat er him neffens my net deljaan kin yn de rol dy't er no oanmetten krijt. Dat skjirret en wrot en massearret krekt salang oant er de mûle net tichthâlde kin.

En dus: Binnen no en oardel jier is Foppe wer 'gewoan' trener fan It Feen. Of technysk direkteur, as er himsels te âld fynt om noch op it fjild te stean.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen