Masturbearjende Sint Nykster


Masturbearjende fytser oppakt!


Je lêze ek de nuverste dingen op de side fan de Omrop. Dit slimme foarfal spile him ôf op de Gedempte Molenwijk yn It Feen. No ha ik dêr in soad omslein, want kafee De Breede Weg en disko Bacchus ha jierren in soad frijwillige bydrages fan my krigen. Ik wit dus, dat yn de Munniksteeg, de ferbining tusken de Dracht en de Gedempte Molenwijk, huizen van plezier wienen. En miskien noch wol binne, wy wenje no earne oars. Dêrmei is net sein dat ik in fêste klant wie, it is krekt as mei de measte minsken dy't yn Drachten by dy sekswinkel delrinne, efkes in skean each, no? 

Mar dizze man fytst dus mei it spul út de broek oer de wei. Liket my op himsels al waardeloas. Dy hurdfytsers mige ek wolris fytsendewei, as de wyn ferkeard stiet, liket my dat in wiete boel. Hawar, de Sint Nykster hie, wylst er fytste, dus dúdlik oare gedachten. Miskien koe er in besite oan de dames fan lichte seden net betelje, en wie er dêr sa frustrearre oer dat er maling oan alles hie, en tocht, no sille se it witte ek? Stiet net yn it berjocht. 

In eintsje fierderop: By de oanhâlding fersette er him bot. 

Ehh, sjoch dan misse je wer in stik ynformaasje. Jammer is dat. Ik bedoel: hie er it spul doe wer te plak, of net? Dat makket ferskil, want dy plysjes ha him fansels by de earms pakt. Stel no dat de oarsaak fan de skeining fan de earberens noch bûtendoar hong? Dan hie ik my ek fersetten! 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen