Brulloftsje

It siet der al in dei as wat oan te kommen, mar hjoed wie it safier. Omdat der nea oer skreaun wurdt, doch ik it lekker wol. It skythûs ferstoppe.

No, dan wurde je bliid wekker. Efkes de details: De melding kaam, en de kofje wie noch net klear. Wol hast. Dus dan earst mar nei it hok om ark. Besykje in slange  om de hoeke te wrotten, en dan it wetter der op. Gjin resultaat. Dan mar kofje. Earst hânwaskje fansels, mar op in gegeven momint binne je der troch, krekt as yn it swimbad, en fiele en sjogge je neat mear. Mei blidens yn it húske omgraaie, wylst je sels eins ek wol sitting hâlde woenen, mar ja. Dy drompel is dochs wat heech. Al dizze faktoaren soargje derfoar dat it sin op de betide moarn net echt opknapt.

It kaam der op del dat den pot fan den plaats moest worden geschroefd, en buiten de deur fierder operearre wurde moast. Rinne je dus foar njoggenen mei it húske ûnder de earm oer it hiem. Hiel bysûnder. Fansels skeat de slange út de pot, dus ek noch in straal wetter oer de kop, mei dêryn fêst de nedige oan stront relatearre baktearjes.

As ik moarn net siik bin, is it mei de wjerstân noch wol aardich...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen