Gjin kommentaar



Omrop Fryslân

Heskes foar útdielen medisinen

Soarch 19-09-2011 | 10:34
Ferpleechkundigen fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hawwe tenei in spesjaal heske oan by it útdielen fan medisinen oan de pasjinten. Dêrmei moat de kâns op flaters ôfnimme. Op de achterkant fan de heskes stiet 'niet storen, ik deel medicijnen'. 

It sikehûs ferwachtet dat troch de heskes de ferpleechkundigen minder faak steurd wurde. Ut lanlik ûndersyk hat bliken dien dat medikaasjeflaters it meast foarkomme ûnder it útdielen en tatsjinjen fan de genêsmiddels. (OF)

Okee, sa wit ik der noch wol in pear!

Premier Rutte moat ek sa'n heske. 'Niet storen, ik ben bezig mijn kant van het gelijk te bepleiten.'

Minister De Jager: 'Niet storen, ik ben bezig jullie pensioenen aan de Grieken te verpatsen.'

Trener Ron Jans: 'Niet storen, waarom weet ik niet.'

Boargemaster Adema: 'Net steure, de Omrop kin elts momint belje foar myn jubileumynterview.'

Frou Haga: 'Niet storen, ik ga zo naar de AFUK voor aanvullende lessen.'

Jack van Gelder: 'Niet storen, IK ben het.'

Jan Mulder: 'Niet storen, de zoveelste schnabbel neemt al mijn tijd.'

Ronald Koeman: 'Niet storen, straks zeggen jullie wel iets zinnigs.'

As minsken hesjes nedich ha om ien dy't in asperyntsje  freget gjin Prednison te jaan, wol ik der ek ien.

'Net steure, ik bin oan it grêfdollen.'




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen