Brea-ite

Sit ik nei de algemiene skô... Nee, hear! Grapke.

Wat is it moaiste en bêste fan in besite oan it Feriene Keninkryk? Krekt. It brea-iten. Lekker bakt aaike mei woarst en spek. Sjoch, dan ha je in daam yn it liif, en hoege de rest fan de dei neat mear. Dat ha se goed besjoen dêr, want dy fish and chips binne net yn te nimmen.

No is der reboelje, want de sâltplysje wol dat dy Britten minder sâlt brea-ite. En daar denkt men het volgende op te hebben gevonden. Ferplichtsje de fabrikanten om minder sâlt yn it spek en de woarst te dwaan. Dan leare se it wol ôf.

Typysk foarbyld fan in diskusje dy't him net op de wurkflier ôfspilet. Yn de algemiene skô... Ho, sorry, dat soe net.

Dus, de fabrikant fan sâlt wriuwt him al yn de hannen. Dit wetsfoarstel moat der wat him oanbelanget daliks troch. Hy is al dwaande om de meast hippe en kekke sâltpotsjes te bestellen. En as mem of heit dan de knapperjende stikjes spek op it moarnsbrochje wipt, stean de bern al klear mei de sâltpot, beskildere yn Union Jack kleuren. It brea-iten hat noch nea sa Britsk west as oer in jier of sa, it is mar krekt hoe fluch dizze ûnsinwet it hellet.
Sa is it ek mei de algemiene skô... Nee, de Jong! Ophâlde no!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen