It pre Buddy Holly effekt

It is fansels wol wat in sneu ferhaal. Sille je jo eigen ophâlden noch ien kear goed yn de merk sette, is der nimmen mear dy't der in bek opsette wol. Der binne foarbylden fan dat it wol goed gien is. Tina Turner hat in kear as seis in ôfskiedstour dien. Op himsels al knap. De Stones binne al sa'n tritich jier dwaande om der in ein oan te meitsjen. Slagget ek mar net.
Nee, dan mar sa as Buddy. En in soad oaren. John Denderdel, dy't Leaving on my own jetplane wat te serieus naam. Snif en snuifje, kûgel en pillen. De rige is lang, hear. Cobain, Morrison, Bon Scott, om mar in pear te neamen.

Bon Scott wie wol in pionier, dizze sjonger fan AC/DC. Hy sûpte himsels troch de koma hinne en gie dea. Echte trochsetter. Nea wer wat wurden, dat AC/DC. Dy keardel dy't se der no by ha te razen, klinkt as hat er in rôle sâlte drop opkôge en noch gjin gleske wetter hân.

Cobain is wat in tryst ferhaal. Sjoch, dizze knaap koe echt wat. Prima songs skreaun. Ek wrange teksten, Polly begelyks. Mar doe't er oan atletyk begjinne woe, gie it mis. Kûgelkoppe moatte je foar leard ha. Dat is in sport op himsels. Oer Jimmy M is genôch praat en op papier set. Klojo. De ienichste dy't der ek noch goed útseach. What a waste.

Hawar, wêr it my om giet, en dat hienen jimme al lang troch fansels: De Blauhúster Dakkapel. Ja, dy mei net ûntbrekke yn dit rychje.
De manager hie it sa tocht: Litte we no mar wrâldkundich meitsje dat we der oer rûchwei oardel jier mei ophâlde. Dan kinne jimme de aginda wol frijhâlde it kommende jier, want dan krije we it smoardrok. Nee, dus. Ynskattingsfoutsje fan de manager. Jimme binne noch net dea, bêste minsken. Foar jimme moai, mar net ynteressant. Saai. Gjin wreed ferhaal oer in bus fol mei yn Fryske flaggen klaaide, op toeters en bellen blazende Snekers dy't dramatysk oan har ein kamen trochdat de toer fan Spannenburg har op de kop mitere. Of dat dyselde bus troch in frachtwein fan de Rendac mitstwa jage waard op de ôfrit nei Burgum. Nimme oerlibbe dizze klap.
Sjoch, dan wie it in oar ferhaal wurden. De Dakkapel fan de kaart fage. No, dan hie de Omrop der in temawike fan makke, wat ik je brom. Mar helaas, it is net bard. En dus sille jimme der mei libje moatte dat it sa is sa as it is.

Noch wol in oprop: Kom asjeblyft de lêste tritich kear nei de thúswedstriden fan It Feen, want dy Putkapel kin der gjin donder fan. Jimme binne mei it Westlands Mannenkoor de ienichsten dy't it folksliet fatsoenlik op de planken bringe! Respekt, hearen, en ik hoopje dat jimme noch tsien kear op dit beslút weromkomme.

     

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen