Skriuwerswykein

Sa. Dat wie wer in waarm bad. In pear dagen op it eilân, dat ûntbruts der noch oan. Efkes de see sjen. Nuvere skytmerakels, mar dy frjemde kronkel ha ik no ienris. It is net fernijend, want je witte sa stadichoan alle brike tegels en eltse meter fytspaad út de holle, mar dy see, no? Dat is it. Dat rûzjen fan dy weagen, hearlik. Dat we kinne der wer in skoft tsjinoan.
Tiisdei ris sjen wat de hearen Louwes en Kootstra yn it sin ha oer de Moanne fan it Fryske boek. Ik lift mei op de ûnderfining fan dizze betûfte artysten, en dan sjogge we it wol. It wurdt in drokke moanne.

Komme we hjoed thús, lei der in útnoeging fan it Skriuwersboun foar in wykein Gasterlân. No lizze myn roots foar in part yn dat gea, dus dat soe de drompel net opsmite meie. Nee, it is it ferline dat my hjiryn wat pleaget. Ik wit net oft jimme wolris nei in wykein fan in OR west ha? Undernimmingsrie, júst, dyselde. Dat ha'k in kear as wat min ofte mear ûnder druk meimakke. En dat is my nea tafallen.

Ik waard faaks nei in oere al sa min as poppestront en gappe de godgânske dei, sadat ik der op it lêst seare kaken fan krige. Allinnich de drank yn it jûnsskoft makke it feest draachlik. Omkôgje op matearje wêrfan't 90% net oerienkaam mei wat him yn de deistige wurksituaasje ôfspile, wie foar my weismiten tiid.

Ik sil daliks tajaan dat ik noch nea op sa'n wykein fan skriuwers west bin. Hoe't dat der om en ta giet wit ik dus net. Faaks soe der foar debutanten in mental coach oantuge wurde moatte om dy drompel wat minder heech te meitsjen.

It is dêr oars wol moai, yn Riis. Begjin novimber, as it meisit noch wat hjerstkleuren yn de beammen. Mmm, tiisdei mar efkes in feteraan om rie freegje...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen