Sytske yt stoofpar, the movie

Stel: jo binne in wite Sanegeit fan 18 jier(!!!) âld. Jo wenje yn Boarnburgum. Dêr ha jo in eigen stikje greide. Allegearre leuk en aardich. Mar jo ha in probleem. Troch jo ultra hege leeftyd binne hast al jo tosken en kiezzen ferdwûn. Mar jo binne noch lang net fan doel om dea te gean. Sterker, jo nimme it noch fol fjoer op tsjin in lângeit mei in mânsk gewei op de kop, en slaan dan ek noch net iens in beroerd figuer.

Jo binne selskipswiet as twa oaren. Jo libje op bôle, biks en wetter. En dogge dat sa fleurich as in bij. Dan wurdt it hjerst. En jo baaske wit dat jo gek op stoofparren binne.

Here's what happend next: Starring SYTSKE. 

Yn de blockbuster: SYTSKE YT STOOFPAR



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen