Literatuer en stoofparren

Och heden. Ik seach ta myn skrik dat it al fjouwer dagen lyn is dat ik wat op myn webloch skreaun ha. Jim soenen wol tinke kinne dat der wat is, mar dat falt ta. It is krekt as wurde dy dagen al mar koarter... (sterke grap!)
Hawar, ik moat wol efkes reagearje op Abe syn stik. Ik ha in stikje kopiearre, ik nim net oan dat er my dat kwea ôf nimt.

Soe it foar in skriuwer net altyd en oeral gean moatte oer syn literatuer? Oer literêre teksten? Oer wat dêr allegear achter en ûnder en yn sit? (boarne: seedyksterfeartfisk)


Nee. Ik bin it dêr net mei iens. It liket my dat as jo lêzers berikke wolle, it ek wol in kear net oer literatuer gean mei. Mar oer de kleur fan de stront fan de hûn, om mar in dwersstrjitte te neamen. Wat is dêr mis mei? Lêze moat willewurk wêze. Oars dogge je it net.
En om altyd en oeral oer teksten en eftergrunen te skriuwen liket my sa saai as it mar kin. Hjoed begelyks sille we yn famyljeferbân stoofparren skile. De beam sit barstensfol en se binne lekker. No, leuk dochs? It liket my dat der party minsken binne dy't soks leaver lêze dan de djippere kontekst fan in essay fan wit ik wa.
Net dat soksoarte stikken net skreaun wurde moatte, mar se binne net foar eltsenien like lekker as in grouwe Magnum.

Dus lit elts dwaan wat er sels wol, as it no oer literatuer of oer stoofparren giet.







Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen