Steatslotterij

Juster wie it de 10e fan de moanne. In soad minsken sille dan in bytsje yn spanning sitte. Soe ik hjoed wat winne yn de steatslotterij?

Ik net mear. Ik bin der hielendal lyk mei. Al jierren doch ik mei, en it kin lang net út. Sterker, der moat in bak jild efteroan. De ienichste reden wêrom't ik noch mei doch, is de fêste oertsjûging dat ik de haadpriis win, ien moanne neidat ik opsein ha.
Eins wurdt ik dus gizele troch myn eigen tinken. En ik wol leauwe dat soks in grutte boarne fan ynkomsten is foar de steatslotterij. Se meitsje my net wiis dat it by it gros fan de dielnimmers wol út kin. Mar de gedachte fan: stel no...

Meidwaan oan de steatslotterij is in gemiene, op emoasje basearre, ferslaavjende wize fan ekstra belesting betelje.

Dus, ik sjoch net mear nei de útslaggen. Se kinne my wat. Hâld der dan mei op, hear ik jim sizzen. Ja, mar ik spylje automatysk mei, en hoe moatte je dat opsizze? Boppedat, stel no...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen