Van de pot gerukt

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in Redúster (20) oanhâlden yn Warkum, neidat er spul krigen hie mei in pear oaren. De Redúster wie yn syn auto oan it tútsjeboartsjen mei syn freondinne. In groepke manlju dy't ûnderweis wie nei de haven seach dat en makke der in opmerking oer.

De Redúster stapte doe de auto út en sloech in man dy't syn auto hinne en wer skodde. It groepke manlju hâlde de Redúster doe fêst en warskôge de plysje. Dy naam de Redúster mei. (OF)



It moat my dochs fan it hert. Ik soe it net dwaan, mar ja. Razend wurd ik fan ditsoarte berjochten. Wa moatte se yn dit gefal no oppakke? As je it oan in gewoane foarbygonger freegje, en dat ha ik dien, sizze se sûnder útsûndering: Dy manlju fansels. 


En dêr bin ik it folslein mei iens. It moat net mâlder. Hoe is it mooglik dat dy Redúster de klos is! Fansels hat er in tik útdield, en dat mei net. Mar dit is wer sa'n gefal fan as der in ynbrekker by jo oer de flier komt, meie jo him freonlik freegje om fuort te gean, mar kom net oan de persoan, want dan binne jo ferkeard. Dat dyselde yn jo hûs komt mei it doel jo spul mei te nimmen? Dat mei wol, hear. As we him letter oanhâlde, en it spul is ferpatst, dan dogge we dêr wol wat oan. 


Ik ha de sinten net, mar oars woe ik de rjochtsaak wol betelje. Mei de djoerste abbekaten dy't der op de wrâld te finen binne. In hiel leger soe ik oantuge. Mei mar ien doel: de iepenbier oanklager yn de bleate kont sette. Hoe doarre se. De wrâld op de kop. 


En mar eamelje dat der sa'n grutte kloof tusken 'de gewone man' en de oerheid is. Nuver, no? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen