Wilders en it keningshûs

Wilders wol de ynfloed fan de kening beheine.Ut it regear en allinnich noch mar lintsjes knippe. Ek de PVDA liket dy kant út te skaaien. Ik bin hjir poer op tsjin. Wêrom?

Wy ha in keningshûs, dêr mei elts fan fine wat er wol. It kostet in slompe jild, dat is de meast populêre klacht. Amtners kostje ek bakken mei sinten, dêr hear ik nea immen oer. Hawar, dat is net de reden wêrom't ik it mei Wilders ûniens bin.

It echte talint yn bestjoerssin sit yn it bedriuwslibben. Gewoan omdat dêr mear fertsjinne wurdt. Dus binne we foar it regear oanwiisd op populisten en twadderangs bestjoerders. It ien komt troch it oar. Je moatte der dochs net oan tinke dat dit lân noch mear breinroer rekket en massaal op in figuer as Wilders (en noch in pear oaren) stimme soe, dat der dat net mear in bytsje tsjinwicht is?
Je meie fan Beatrix sizze wat je wolle, mar ik ha har miening seis kear yn de wike en twa kear op snein heger as dy fan Wilders. Allinnich dêrom al moat de situaasje sa bliuwe as dat er no is.

Yn in tiid wêryn't populisme en goedkeape ferkeaptrúks derfoar soargje moatte dat it elektoraat efter (yn dit gefal) twiveleftige politike streamingen oandrave, meie we bliid wêze dat der noch in lyts stikje weardichheid yn it Haagse oerein bliuwt. Ik stel my yn dit gefal in steatsbesite oan Indonesie foar. In lân wer't  Nederlân har net fan de bêste side sjen litten hat. Je sille Wilders dêr as haad fan de steat der Nerderlanden ûntfange moatte. Immen dy't 90% fan de ynwenners min ofte mear feroardielet om har religy. No, wês wolkom, Geert.

In regear, dat oan de iene kant de bytelling op leaseauto's foar in part skrasse wol, omdat se sa moai súnich en skjin ride, en oan de oare kant talit dat de soarchpreemjes sa heech wurde dat se troch de ûnderkant fan de maatskippij net mear op te bringen binne, is it libbene bewiis dat de VVD neat mei earmoedsaaiers hat. It CDA sit yn in spagaat wêrfan't se net witte hoe der wer út te kommen en de PVV profitearret fan beide.
Ik snap de PVDA dus net. Wat wolle dy no? Mei Wilders yn in nij regear, sa fan: yn it foar wolle we nimmen útslute?
In beroerde keapman, dy Cohen. Neat dommer as yn dizze tiid in ûnderwerp as it keningshûs oan te snijen.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen