Hy is wer lekker, hear!



Ha, ik ha wer in hearlik stikje opdûkele! Fan ien fan myn favorite siden, de onvolprezen hiemstek fan de gemeente Smellingerlân (sis mar net Drachten).
Lees en huiver!!!

Probleemstelling
Projectbureau De centrale As heeft op 27 september 2010 namens het college van
GS van provincie Fryslan, reeds een kapvergunning aangevraagd voor 4 bomen die
worden verplant. De vergunning is destijds niet verleend omdat er nog aanvullende
gegevens moesten worden verstrekt en het feit dat er begin 2011 schriftelijk is
gevraagd de aanvraag "in de ijskast" te leggen, vanwege de schorsing van het
Provinciale Inpassingsplan door de Raad van State. Hangende de schorsing wilden
gedeputeerde staten geen vergunningen aanvragen die nog niet strikt noodzakelijk
waren. Op 4 augustus is gevraagd de behandeling van de aanvraag weer voort te
zetten en de kapvergunning zo spoedig mogelijk na 15 september te verlenen. Ook
wordt er gevraagd af te zien van het verbinden van een voorwaarde van feitelijk
nietgebruik aan de vergunning.
- 3 -
Besluit
1. Er wordt ingestemd de kapvergunning te verlenen met het voorschrift dat er feitelijk
geen gebruik mag worden gemaakt totdat het met de kapvergunning
samenhangende Provinciaal Inpassingsplan onherroepelijk is.


As je troch it freeslike taalgebrûk fan dy ambtners hinne wrotten binne, bliuwt ien ding oerein. Hoe is it yn de wrâld mooglik om in kaapfergunning ôf te jaan foar beammen dy't ferplante wurde moatte? Tink dêr mar ris oer nei. Ha ik ek dien. Myn konklúzje, of dat nim ik dan mar oan, is, dat der gjin namme foar in fergunning is om beammen te ferplantsjen. Mar in kaapfergunning om beammen te ferplantsjen is fansels freegje om swierrichheden.

Yn alle drokten dy't se ha, soe de wurkflier samar mei in formulier yn trijefâld ûnder in beam stean kinne. 'Hy moat om, Sjouke!'
'Soe it echt? It is oars in knaap fan in iik.'
'It stiet hjir. En papier liicht net, no?'
'Wa hat it tekene?'
'Eh, it is sels fan de provinsje, sjoch mar.'
'Lit mar. Ik ha de bril yn de keet lizze litten. Jou my de seage mar, dan sil ik der mei rêde.'

Ja, bêste minsken, sa komme de flaters yn de wrâld. Fyn asjeblyft in wurd út foar in fergunning om beammen te ferplantsjen, oars rinne jim it op.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen