Ereksje yn de twadde fase

Ja, minsken. Dat is in titel wêrfan't je tinke, wat soe er dêr no mei bedoele. Of mei wolle. Want wat ik dermei bedoel en wat it foarsteld, sille jim wol witte.

It is hjoed in tryste dei. Dat hat neat mei de titel te meitsjen, hear. Nee, ik wol it oer ús nachtrêst ha. En dat hat dan yndirekt wol mei de titel te meitsjen. Net fuortzappe, it wurdt echt net plat, ik soe net doarre.

As wy ús deljouwe en yn de sliep reitsje, bart der hiel wat. Jo sliepe yn fases. De twadde fase is dyselde wêryn't jo de measte oerienkomsten ha mei gewoan wekker wêze. Dat wol sizze dat de harsens dan fluch arbeidzje.
Ynkopperke: der sille ek guon wêze dy't deis yn har dwaan en litten mear op de fjirde fase lykje, dat is de stadige sliepfase.

Yn de twadde sliepfase ha jo it der dus mar drok mei. In oar wurd foar dit fenomeen is de REM sliep. It komt foar dat de man yn dit koarte skoft in ereksje krijt. Lokkich wit er dêr nei de oergeansfase en de stadige sliepfase neat mear fan. Wol is it sa dat dizze fase in kear as fiif (!) foarkomt yn ien nacht. Dêr hoege je dus gjin Viagra foar oan te túgen. Gewoan sliepen gean is de remeedzje.

Rapid Eye Movement. Flugge beweging fan de eagen betsjut dat. En hjoed hie ik dêr al efkes lêst fan, doe't ik hearde dat Michael Stipe en syn mannen ophâlde mei dizze geweldige alternative rockband. Juwieltsjes ha se makke. Nightswimming, The one I love, Man on the moon, Stand en sa kin ik noch wol efkes trochgean. De moaiste: dizze.


Jammer, mar it is net oars.



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen