Boekefeest

It liket sa maklik. Mar kom der mar ris! It wurde noch in pear hektyske oerkes, hear. It sit sa, junior moat earst noch ponyride, en dat is bêst, mar heit moat eins it seal der wol efkes oplizze. En oansingelje, want dat slagget noch net sa goed.
Dan ha je de horde De Pein noch, want dêr is optocht. Dus it soe samar kinne dat we dêr in skoft nei de fersierde weinen steane te sjen, wylst de pony en it boekefeest wachtsje.
De overall moat mar oer de kreaze klean hinne, en as it hynder mei junior op de rêch omhobbelet, mar op de wei ferstrûpe. Der soe dus hjir en dêr noch in flarde hynstelucht hingen bliuwe kinne, mar dat is dan mar sa. Klompen en skuon binne maklik te wikseljen, dus dat mei it probleem net wêze. Jim ha wol troch dat je de ein hast yn de bek ha foardat it feest begjint?

Earst de brûs mar oer de lea, en dan ite. It is wat.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen