Liverpool FC, wer krekt net


En sa koe it nei 24 jier wer net echt feest wurde op Anfield Road, it romrofte stadion fan Liverpool FC.

It twadde plak is it earste fan de ferliezers, sei in bekende fan my lêstendeis. Sa sil it by de Reds fan Merseyside ek fiele. Se wienen der sa ticht by. Op twa wedstriden foar de ein hienen se it yn eigen hân, mar ferspilen jammerlik punten en sa koe it idioat rike Manchester City himsels wer ta kening fan de Premier league kroane.

Liverpool FC, foar my de moaiste klup yn Ingelân. Dat komt fansels omdat doe't ik my foar fuotbal begûn te bekroadzjen, de mannen út de treasteleaze havenstêd oan de westkust fan Ingelân, dêr't it altyd reint en mistich is, in klasse apart wienen. 1977, 1978, 1981 en 1984 wûnen se de Europacup 1, it gedrocht dat no Champions League hjit. Doe wienen der noch trije cups te ferdielen. De kampioenen plus de winner fan it foarrige jier om de EC1, de bekerwinners yn de EC2 en de EC3 foar oare heech eindige klups.

Fiif kear wie Liverpool FC de bêste yn Europa, ek yn 2005 pakten se de haadpriis. Mar nei 1990 nea wer kampioen fan Ingelân. En dat docht sear. It Manchester United fan Alex Ferguson lake harren mear as 20 jier út, dat hie dit jier ta wraak liede kinnen. Mar mis gie it... Dus sil der yn reade part fan Manchester net ien it mear oer de titel fan City ha, mar wol oer it feit dat Liverpool it lekker net wurden is.

En dat docht noch searder...

Ien ding sille se nea fan Liverpool FC ôfnimme kinne. It moaiste kluplied dat der is en eins allinnich op Anfield Road spile wurde mei. Net yn de Kuip of hokker stadion dan ek. Fout. It is fan de Reds fan Merseyside.   




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen