Bruce Springsteen syn heidefjild

 

Bruce Springsteen syn heidefjild

 

Wat bloeit de heide oeral prachtich dit jier, sa lês ik yn de kranten. Moaie foto’s fan pears kleure fjilden der by. It komt omdat we dit jier wer in normale simmer ha mei in soad Hollânsk reinwetter. Heide, foar ús as lytse bern wie it symboal fan earmoede. Nea yn de hiele wrâld hie ik tocht dat op in stik lân dêr’t heit en mem de kij weidzje lieten, ea heide bloeie soe.

 

Mar tiden hawwe tiden. As je no de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld delkomme, bloeit der heide. Pears. Der rinne wat skiep om de bjirken en oare opsjitters koart te hâlden. Op dat fjild lizze myn jeugdjierren. Blomryk lân mei Frysk reabûnt fee. Myn broer sei dizze wike dat de Van Limburg Stirums, dy’t yn de kelder op it hôf yn Brongergea bysetten binne, grif ek net tocht hienen dat der wer heide bloeie soe op de grûn dy’t sy ûntginne lieten.

 

Dize wike wie ik te rinnen. Ik ha net safolle mei Bruce Springsteen, mar it tafal (tafal bestiet net) woe, dat ik krekt it komboerd fan Brongergea passearre en it sicht op Pauwenburg krige, doe’t der in nûmer fan Springsteen yn myn earen klonk. Pauwenburg, de pleats dêr’t ik 52 jier lyn op de wrâld kaam. Der stiet no in grutte wenbuorkerij, dy’t Leo Nieuwe Weme der delsetten hat doe’t er syn winkelformule ferkocht hie.

 

Ik harke nei muzyk op de Arrow Classic Rock app en Bruce begûn My Hometown te sjongen. De muzyk fan de E-Street Band is meast wat simpel (Born in the USA is echt freeslik dom en bombastysk), mar yn dit nûmer hearre je se amper en dat is prima. De teksten fan Springsteen binne nammentlik wol moai. Ik sweefde werom nei myn jonge jierren, mei in McCormick ynstee fan de Buick dêr’t it yn My Hometown oer giet. Mar it gefoel is krekt itselde.

 

Brongergea. Safolle feroare, fan in streek fol boerebedriuwen nei in strjitte dêr’t se harren drok meitsje oer deimen. Inkel de hynders binne bleaun. Mar kij rinne al jierren net mear yn Oranjewâld. De lêste boer mei kij wie op buorkerij Donglust, dêr wurdt as we speak ek in kolossale wenbuorkerij fan makke.

 

Oranjewâld, it sâlt fan de Fryske wrâld, is ferwurden ta in park. Moai om troch te rinnen, mar ik mis it doarp fan de jierren 70. Kafee Oord, Hakse die Bakse, safolle is ferlern gien. De keallekeuring op de jister, hast op itselde plak stie no de tinte fan it Oranjewoud festival. Wy hienen bomfolle sealen mei de iisklupjûnen yn Tropenfauna, gjin ferlet fan in festival.

 

‘Last night I set him up, behind the wheel, said son take a good look around, this is your hometown,’ song Bruce yn myn ear.

 

De heide bloeit miskien moai, mar soms wie eartiids alles dochs better, Bruce.        




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen