‘Had je misschien met me naar bed gewild?’

 

‘Had je misschien met me naar bed gewild?’

‘Had u het bonnetje mee gewild?’ 'Had u het bonnetje erbij gewild?' Dit is tsjintwurdich in frij gebrûklike wize fan oansprekken as jo earne wat keapje. En ik fernuverje my der oer want it fielt hartstikkene fout. De fraach op dy manier stelle ymplisearret dat jo al net mear yn de winkel binne. It is achterôf freegje. Sa fan: ‘Jo binne al thús, mar hienen jo achternei ek in bontsje ha wollen?’ It is hiel bot yn de moade by jonge minsken dy’t ergens achter de kassa sitte

Neffens immen dy’t der mear doel oer hat as de gemiddelden ûnder ús, is it in oerdreaune foarm fan fatsoen om it sa te freegjen. Minder direkt, mei fjouwer slaggen om de earm. Korrekt is: ‘Wilt u het bonnetje mee?’ Want jo steane der dochs, dus is it de goede tiid om soks te freegjen. Ik fyn dêr neat mis mei, mar blykber kin dat net mear. Miskien is it in moade-ding, krekt as it útsprekken fan KKKgggggooaaatsiejee, as je gewoan Kroatië bedoele.

Noch in foarbyld. Jo komme mei de honger yn de hals in restaurant binnen en de ober (mei dat eins noch wol sa neamd wurde, mar dat is in oare diskusje, miskien is der in fariant op de Fryske flagge foar te betinken) komt nei jo ta. Jo jouwe oan dat jo wol in hapke ite wolle. Grutte kâns dat er seit: ‘Kan ik alvast iets te drinken voor u inschenken?’ Ik hoopje al datsto dat kinst, oars hast it ferkearde baantsje! Mar graach, wy ha toarst.

En dan komt it: ‘Had u misschien de menukaart gewild?’ Ja, want de mage rattelt my nuver en ik wit net út de holle wat jim hjir ferkeapje. Mar handiger is: freegje gewoan: ‘Wilt u de menukaart?’ of ‘U wilt staks ook een hapje eten, zal ik de menukaart halen?’ en/of ‘Zal ik u de menukaart brengen?’

As it iten dan op tafel stiet komt de folgjende opmerking faak om de hoeke: ‘Had u daar ook nog iets te drinken bij gewild?’ No, graach. Mar dan wol daliks, as dat kin. As wy it iten op ha is it oan de lette kant. De fraachstelling doocht dus foar gjin meter.

‘Had u daar ook een gebakken eitje bij gewild?’ Ja, dat hie ferhipte lekker west, bêste jonge. Mar no ha ik de bôle drûch opkôge. Stel de fraach oars en better. ‘Wilt u er een gebakken eitje bij?’ Dat is tige fatsoenlik en it kloppet ek noch in kear yn de tiidsfoarm. Hâld op mei dat über fatsoenlike gekunstelde taalgepruts en freegje dêr’t it op stiet.

 

Ik freegje my ôf hoe’t dy jongerein dat mei relaasjes ha. ‘Had je eigenlijk ook nog met me naar bed gewild?’

 

De lust soe my daliks hielendal oer wêze. Mar ik bin dan ek hypergefoelich foar taal. En foar foute, swier subsidiearre flaggen.  



   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen