Wêr is de humor yn Fryslân bleaun?
It wie oan de ein fan
in waarme middei yn de neisimmer doe’t myn frou en ik fan it strân nei ús
hotelkeamer rûnen. Flak foar it doarp stie oan de rjochterkant op in
parkearplak in feesttinte. Doe’t wy der del kuieren, hearden wy it kraaiende
lûd fan in frou dy’t hast net mear bykaam fan it laitsjen. It wurket mei
laitsjen sa dat as je ien laitsjen hearre, josels faak ek in glimke net ûnderdrukke
kinne. Sjoch mar ris nei filmkes fan laitsjende lytse poppen, it duorret mar
even en jo laitsje mei.
Dizze feesttinte stie
oan de râne fan Nes, op it Amelân. It ûnmiskenbere stimlûd fan Lytse Teake wie
troch de boksen te hearren en de oanwêzigen koenen syn humoristyske sketsjes
wol wurdearje, ôfgeand op de respons. Humor as doel fan in moaie neimiddei. Kom
dêr yn it tsjintwurdige Fryslân mar ris om.
Is der noch humor yn
Fryslân? Eartiids hienen je Akke Radsma, Rients Gratama en Lytse Teake dy’t de
sealen yn de provinsje bespilen. Platspilen, moat ik sizze. Mei humor. Simpele
humor, mei as doel de minsken in noflike jûn, middei as moarn te jaan. Wêr is
dy humor bleaun? Tsjinwurdich moat alles mei in ‘grut boadskip’ ferpakt wurde. Himelbestoarmjende
festivals dêr’t neffens de resinsinten de takomst fan de provinsje troch de
usual suspects út de doeken dien wurdt, slaafsk beskreaun troch wat ea in
ûnôfhinklike nijsbrigade wie.
Wêr is de opfolger fan
Rients? Wa doart de trochrinnende stream oan krisissen noch op de hak te
nimmen? Wa relativearret mei (hurde) humor alle woke, klimaat, grien, Rânestêd,
ûnsinnige polityk, de posysje fan de frou, de algemiene trochsleine korrektheid?
Wa?
Yn Fryslân is op dit
stuit gjin twadde Rients, Akke of Lytse Teake. Miskien soe der wol ien wêze dy’t
it kin, mar te benaud om op de teannen fan ien út de lhbti mienskip te stappen
miskien? Te benaud foar in stimpel dat minsken op je plakke? Te benaud foar
bedrigings út religieuze hoeke?
It wurdt heech tiid
foar humor mei in bytsje ynhâld yn Fryslân, want sûnder humor rêde wy it net.
Wa doart?
Reacties
Een reactie posten