Swarte snie

 

Op fiif maaie 2016 stapte ik op fleanfjild Domododevo yn in tastel fan Lufthansa. Op it momint dat we los fan de grûn kamen, wie der daliks it besef dat ik in ‘once in a lifetime’ reis meimakke hie. Dat ik nije freonen kennen learde, bliid wie mei it sjen fan in filiaal fan de Subway en dat ik yn itselde hotel sliept hie as de presidint fan Ruslân. Dat ik op plakken west hie dêr’t nea in Fries in stap sette sil. Dat der in fantastysk museum oan de igge fan de machtige Jenisej allinnich foar my de doarren iepen die en ik troch de direkteur fan de noardlikste iishal fan de wrâld as in freon ûntfongen waard en hy der op stie dat ik in iishockey-toernoai iepenje soe. Dat ik oardel kilometer ûnder de grûn mei eigen eagen de rykdom oan grûnstoffen seach dy’t geologen dêr jierren earder oantroffen. Dat der jûns snie foel dy’t de oare moarns swart wurden wie troch de útstjit fan de fabriken  dy’t de stêd ta ien fan de meast fersmoarge plakken op ierde makket. Dat ik yn de ferûnderstelling wie dat we iten út blik krije soenen, mar it better en farsker bliek te wêzen as it guod dat hjir yn de supermerken leit. Mar ek dat ik daliks de fraach krige oft ik in spion wie doe’t ik frege nei hokker gebouwen op de heuvels om de stêd hinne stienen. Want dêr hie ik neat mei nedich.

 

Dat wie doe.

 

Seis jier ha ik mei iennige regelmjittichheid noch kontakt mei de minsken dy’t my as folsleine frjemde dêr doe sa waarm en hertlik begroeten en myn reis as nea te ferjitten makke ha. Minsken krekt as jo en ik, drok dwaande om harren libben sa goed en kwea as it giet te libjen yn in stêd dy’t winterdeis oant min 50 graden ôfkuolje en simmers ta 30 graden opwaarmje kin. In oard dêr’t minsken wenje dy’t fan dat plak hâlde, min of mear tefreden binne mei hoe’t it giet. Se lykje op jo en my. Gewoane minsken. Mei in winsk om in normaal bestean te hawwen, sels yn dy ekstreme omstannichheden.

 

Tink dêr ris oan. 


Dizze ûndersteande foto ha ik dêr sels makke. In brêge yn de stêd hinget fol mei slotsjes, symboalen fan hoop op in goed libben, leafde en sûnens. Der hongen safolle slotsjes oan dat de gemeente se der flak foar myn besite ôfhelle hie omdat de brêge troch it gewicht drige te fersakjen. Mar de minsken litte harren net wjerhâlde en no, seis jier letter, hinget er foller as ea, sa fertelde myn tolk my fia Facebook.  

 



As berne pasifist is it hast net foar te stellen wat der no wer bart. Ik ha yn it museum mei eigen eagen de foto’s sjoen fan twangarbeiders dy’t spoarlinen oanlizze moasten by min 35 graden. Ik ha yn it houten hûske west dêr’t de geologen ûnder minske-ûntearjende omstannichheden harren wurk dwaan moasten. It houten hûske, de earste bebouwing dy’t letter ta in moderne stêd mei 175.000 ynwenners útgroeit is. Myn reislieder dy’t út in hûshâlding komt mei in Russyske heit en in mem út Oekraïne. Hoe tinke jim dat dy yn de wedstriid sitte? Dialooch en kompassy is de wei nei in oplossing. Altyd. 

 

En no? Der binne inkel ferliezers. Swarte snie.



 

 

 

   

 

 

 

  

 

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen