Twa petearen op freedtemoarn.

 Twa petearen

 

Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte.

Op myn fraach hoe’t de bern de hjoeddeistige konjunktuer yn de lânbou en de polityk belibben, kaam in ferbittere antwurd. Generaasjes hurd wurkjende minsken wurde mei in pinnestreek omtsjoene ta net mear winske. Se neamde in foarbyld, lisbatterijen binne hjir al jierren ferbean. Wat de griene tsjerke net wit, of net witte wol, is dat der massaal aaien út oare lannen ynfierd wurde, dy’t dêr produsearre wurde yn: Jim riede it al. Grutte kâns dat de meast fanatike tsjinstanners lisbatterij-aaien ophaffelje, mei in selsfoldien glimke op it gesicht omdat we dy wize fan produsearjen hjir al jierren net mear ha. En op myn fraach oft se juster ek nei de stikstofshow yn de Twadde Keamer sjoen hie, wie it antwurd nee. Sa as safolle minsken kinne de belutsenen it net ferneare om te hearren hoe’t yn it ea sa moaie Nederlân oer harren praten wurdt. It feit dat suïside yn de agraryske wrâld faak foarkomt waard troch de foarsitter nei freegjende blikken fan de minister as in net winske ynbring bestimpele. Se soenen ris nei in bedriuw yn coaching yn de agraryske sektor gean moatte en harren dêr ynformearje litte oer wat der echt spilet, mar dy lêst kinne en wolle se grif net op harren nimme. Dat wie petear ien.  

 

Ik gie net al te fleurich oan it wurk en rekke yn it altyd gesellige Drachten oan de praat mei immen dêr’t ik al mear as tweintich jier njonken wurkje. Hy nûge my foar in kop kofje en hy sei dat ik der wurch útseach. ‘Do makkest dy dochs net drok, wol?’ Yn it healoere dêrnei binne wy beide leechrûn oer hoe’t de wrâld yn de tweintich jier dat wy elkoar min of mear kenne, feroare is. En ik moat sizze, net yn positive sin. Yn syn bedriuw docht de deistige waan fan de dei ek opjild. Oerheden dy’t fan elkoar net witte wat se dogge. ‘As je de iene dei mei Jantje prate is alles dat hy seit wier, mar prate je in dei letter mei Pietje, is syn ferhaal it hillich evangeelje. En je ha it mar te dwaan, want de ynstânsjes ha in monopoly-posysje.’ Hy fertelde my oer in brief mei in oankundiging dy’t him twong 40.000 euro te ynvestearjen, in pear wiken letter kaam der fan deselde ynstânsje in ekskús en dat de foarrige brief as net ferstjoerd beskôge wurde koe. Op de fraach as de oerheidsynstânsje de 40K dan ek fergoede, 40K dy’t de ûndernimmer yn opdracht fan de ynstânsje wol meitsje moast, wie it antwurd nee. Hy fertelde oer minsken dy’t in 2e hûs yn it bûtenlân ha en troch de korona in jier as wat dêr wenne hienen. Doe’t se in skoftsje lyn werom kamen en nei in wike as wat kamen te jûnpraten, fertelden se dat se Nederlân net werom koenen. Yn in pear jier is dit lân feroare yn in polarisearjend, fergiftich en haatdragend stikje Europa, dat easket dat alles dat ús lân makket ta wat it is, feroarje of ferdwine moat. Se wienen oprjocht skrokken oer de teneur dy’t hjir hearsket. Dat wie petear twa.

 


En wy? Wy merke it net. Wy sitte as kikkerts yn in stadich opwaarmjende panne wetter. Wy wurde brainwasht, alle dagen wer. Je merke it pas as je in skoft fuort west ha en dan mei in frisse blik nei de situaasje sjogge, sa wurdt it faak útlein. Mar hoe kin it dan dat der in tekken fan ûnfrede oer it lân leit? Neffens my komt dat omdat wy yn ús ûnderbewuste donders goed witte dat ús lân te grabbel smiten wurdt. It freget allinnich moed en trochsettingsfermogen om dêr tsjinyn te gean. En it is krekt as altyd, mar in hiel lyts part fan de minsken hat dêr de moed, it ferstân, de middels en tiid foar. De rest wol gewoan in bytsje noflik libje en docht dat yn it grutte grize stik dat leit tusken de (terjochte)ûnfrede en de macht. In hiele minsklike refleks.           

Reacties

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen