Hongerwinter

 

Sneontemoarn. Bûtendoar is it in graad as seis, mar neffens de berjochten sil it in bytsje winterich wurde. Dat is moai, want dan kinne we wer wat fleuriger gesichten sjen yn dizze djiptryste perioade. Juster spruts ik mei immen dy’t fan bern ôf oan sjoernalist wurde woe en it ek wurden is. Op myn fraach oft er noch wolris nei syn âlde baas harke, wie it antwurd nee. ‘Oars wurd ik lilk en dat ha ik der net foar oer.’

It die my tinken oan it beslút dat ik in jier as wat lyn ek naam ha. Gjin talkshows mear, gjin jeuzeljende randstedelijke D66 NPO radio-babbelboksen. Fan de âld baas fan de sjoernalist hie ik yn 2017 al ôfskie naam. Ik ha in eed ôflein om nea te sizzen wêrom, dus dat doch ik ek net.  Mar as ik sa troch de wike wat om my hinne freegje, bin ik net de iennichste dy’t de brui der oan jûn hat. Sterker, ik moat stadichoan myn bêst dwaan om noch guon te finen dy’t noch wol de muoite nimme. De koers fan wat ea fielde as ‘fan ús’ is ferwurden ta in platprogramearre brij. De mails wêryn’t de iene nei de oare ‘suksesfolle formule’ yn skreauwerige teksten op ús takomme, nim ik dus ek mar mei in grutte kerrel sâlt.  

De kranten dan? No, ik moat sizze dat ek dêr in wike lyn it beslút fallen is. Mei pine yn it hert. Nei minimaal fjouwer generaasjes ha ik digitaal de krante opsein. De koers fan wat ea as ‘ús krante’ fielde, past net mear by gewoane Friezen. Stedsk en randstedelijk aktivisme, redakteuren dy’t harren (frijwat kleure) miening yn kollums spuie ynstee fan te dwaan wat in sjoernalist dwaan moat, nammentlik feitlik ferslach dwaan fan wat der spilet. Mei sa’n konstruksje wurdt alle (sels de skyn fan)  objektiviteit fan de sjoernalisten fuortslein. Ik spruts lêstendeis mei in eks haadredakteur, dy’t alle anty boerske stikjesskriuwers in hongerwinter tawinske om harren bubbel lek te stekken, it besef wer yndale te litten wêr’t wy alle dagen fan ite en sa wer by sûpe en stút te kommen. Op myn reaksje dat de griene skriuwende maffia sels in hongerwinter de boeren yn de skuon skowe soe, antwurde er: ‘Dêr koest godverdomme ek noch wolris gelyk oan ha. It is te tryst foar wurden.’

It is de krante ek gjin telefoantsje mear wurdich om te freegjen nei de reden dat je opsizze, dat seit ek wat oer hoe’t sy yn de wedstriid steane. Neffens it omsittend laach fan juster is Mensenlinq de grutste boarne fan ynkomsten. In moaier foarbyld fan in selsregulearjend ‘sterfhuis’ kin ik net betinke. Jeugd lêst gjin kranten, sjocht gjin gewoane TV en al hielendal gjin regionale. Oan de iene kant is dat spitich, oan de oare kant is it in útkomst. It grutste part fan de totale morele teloargong fan ús prachtige lân komt sa noch net al te hurd by harren binnen. Pasifisten fan eartiids dy’t om it hurdst om wapens roppe, partijen dy’t ea foar de arbeiders stienen dy’t gearwurkje mei oaren dy’t kommunistyske roots ha. It wurdt allegearre mar gewoan fûn. Alles dat net normaal is wurdt normalisearre.

Wat soenen de bern fan no earst meimeitsje, in Alvestêdetocht of in hongerwinter? Laitsje der mar om. Wy ha it der noch wolris oer.        



 
   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen

'Skip the cow'