Nea wer snie yn Nederlân

 

De blêden binne foar it grutste part fan de beammen, it is wintertiid, der leit in nij boek fan my yn de winkels en by de jûnskuier ferskine oeral eltse dei mear krystljochtsjes. De moaiste tiid fan it jier brekt oan, mei wat gelok kinne wy ynkoarten ús loopke in kear troch de snie dwaan. Dat hat wat magysk, al komt it net sa faak mear foar.

Dêroer daliks mear. Want: ha jim it noch in bytsje nei it sin? Steane jim as wol as net faksinearre minsken linerjocht tsjinoer de oare groep? Wat in pandemy mei gewoane minsken dwaan kin, draait as in minne B-film op dit stuit alle dagen yn it deistich teäter dêr’t we allegearre yn figurearje. Foar mysels ha ik in hiel skoft lyn de kar makke om net mear nei praatprogramma’s te sjen, it nijs fia de telefoan en in papieren krante ta my te nimmen en fan myn frou mei ik my deis mar fiif minuten ergerje. Ik jou it daliks ta, dat mislearret hast alle dagen.

Der komt in momint dat der drastyske maatregels naam wurde moatte om it deistige ergerjen te beheinen, omdat ik wit dat it net goed foar jo sûnens is om je alle dagen op te winen oer de strukturele domheid dy’t op kosten fan de belestingbeteller oer ús hinne stoarten wurdt. Lyts foarbyld, by fersin drukte ik yn de auto op in knopke en doe fersprong de radio fan in nonstop muzyk stjoerder nei in NPO omjouwing. Dêr sieten twa babbelboksen elkoar nei de bek te praten. It giet al lang net mear oer ûnderwerpen en ynhâld, as der mar oeverleas luld wurdt, is it de baas blykber al gau goed.

Dit djipgeande petearke, dat ik wol oanhearre moast omdat it smoardrok yn Drachten wie en ik dus even net mei de radio omprutse koe, gie oer snie. Der wie in kâns dat der hjir en dêr in lyts wyt laachje falle koe. Neffens NPO babbelboks1 wie der ferline jier nei 700 dagen wer ris snie yn Nederlân fallen en dat wie in rekôr. Boks2 sei: ‘Dus het zou zomaar kunnen dat als het morgen sneeuwt, dit voor de allerlaatste keer is dat het in Nederland gaat sneeuwen?’ Boks1 tocht net iens in heale tel nei, mar sei: ‘Ja, dat zou zomaar kunnen.’ En ik krige braakneigings.

Ditsoarte abjekte nonsens wurdt gewoan de eter yn slingere, nimmen toetst, docht oan hoor en wederhoor, it praat mar wat mei in tige woke ferantwurde Gooise RRRGGG en se krije der ferdomme noch jild foar ek. Mear as de measten fan ús krije, moat ik dêr oan taheakje.

It slimste oan dizze kolder is dat de babbelboksen alle dagen dizze bagger útkoarje meie. Minsken dy’t maklik te beynfloedzjen binne, nimme it foar wierheid oan. En oer net al te lange tiid wurdt breed útdroegen dat it yn Nederlân nea wer snije sil. It docht my tinken oan in spultsje dat we eartiids op de legere skoalle dienen. Immen flústere de jonge as it famke neist him as har wat yn it ear en sa gie dat de klasse troch. Oan de ein wie der fan it oarspronklik boadskip neat mear oer. Dat is ek sa'n bytsje it nivo fan de babbelboksen. 

Goede feestdagen tawinske, mochten jim nei in alternatyf foar babbelboksen sykje? Myn nije roman is rûnom te keap. Klik mar op de link.    

De Museummoard.



 

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen