'Ik ha ferlet fan jild'

Buorfrou fan fier yn de 80 komt oan de doar. 'Ja, ik ha in nuvere fraach. Ik sykje in kipefear om de klok te smarren.' 
'Rin mar even achterom, dan sjogge wy even,' sis ik. 
Yn it hok lizze altyd wol wat fearren, ik krij ien en jou him oan buorfrou. 
'Hoe is it mei de hoanne?' freget se. 
'Dea.' 
'Och, spitich. Do bist mar warber, dat lês ik yn de krante!' 
'We grieme wol wat troch.'
'Wy ek, al 65 jier troud en noch altyd troch ien doar, is't net moai?' 
'Dat is prachtich, der binne net in soad dy't dat helje. Mar dy fear...' 
'Ja, ik ha noch wol wat naaimesine-oalje, dus dan rêd ik my der wol mei. Dy klok is al hiel âld, Durk hat him niis skjinmakke mar der moat noch wat smarring komme, sjoch.' 
'Krekt.' 
'Ik sil nei de bank, want ik ha ferlet fan jild.' 
'Ik ek, mar ik ha it net.' 
Buorfrou draait har om en seit: 'Dan hast de soarch der ek net oer.' 

Myn dei is goed. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen