Artikel oer myn nije roman yn de LC 3-12-2021(Klik op de foto foar mear ynfo!)


 


Tekst Elisabeth Post

Ferdinand de Jong hat syn twadde krimi skreaun. Syn wenplak It Hearrenfean en berteplak Oranjewâld binne it dekôr dêr ’tDe museummoard begjint. Spannend oan de ein ta.

Der driuwt in lyk yn de Prinsewyk. Publyk dat de iepening fan in útstalling fan de wrâldferneamde skilder Paolo Lione út Itaalje yn it museum yn Oranjewâld bywennet, slacht ferskrikt de hân foar de mûle. Dêr leit se, op har búk en klaaid yn in wite jurk. Om har hinne driuwe reade roazebledsjes.

Wa’t ienkear ynDe museummoard begûn is, kin net mear ophâlde fan lêzen. It is noflik yn ’e kunde kommen mei resjersjeur Annet Hillema en har âld-kollega Paul Graafsma. It ferhaal nimt healweis in ûnferwachte draai en it plot is like nijsgjirrich as de prolooch. It troch Ferdinand de Jong (1969) fan It Hearrenfean skreaune ferhaal lêst yn ien azem út.

Hy moat in bytsje gnize. ,,Fynst it spannend?’’ Oan de keukenstafel yn syn hûs op It Hearrenfean hat de skriuwer farske kofje ynskonken. Hy giet der ris foar sitten. Fansels, kompliminten krije is moai, mar wenne docht it net.

WIKSELJEND BEOARDIELD

DeJong skriuwt sûnt 2010 romans. De museummoard is it sânde boek. Syn wurk wurdt wikseljend beoardield. De kommentaren op syn lêste boek De tredde perioade (2018) spûkje him noch wat troch de holle.

Foar dat ferhaal reizge De Jong nei de meast noardlike iishal yn ’e wrâld yn it Russyske Doedinka yn Sibearje. In aventoer fan tsien dagen dat se him nea wer ôfnimme, seit er. Mar it boek waard net hiel goed ûntfongen, fynt de skriuwer. Wêrom net? ,,Mwah, wêrom soe in skriuwer út Fryslân in ferhaal optekenje yn it Frysk dat him fier fuort ôfspilet? Alteast, dat waard sein.’’

Efkes hied er gjin wille mear oan it skriuwen. ,,Ik tocht hiel lang: ik skriuw nea wer in boek.’’

Op it werom dan net, kin der earst net in goed antwurd jaan. Hy sjocht efkes foar him út. Yn de tún stappe yn in it hok in pear hinnen. De hoanne is der min oan ta, dy makket it net lang mear, tinkt De Jong. Sadree’t de hinnen De Jong efter it rút sjogge, stappe se hin en wer efter it gaas. Se wolle der út, mar moatte noch efkes wachtsje. En dan seit er: ,,Gewoan, ik wie der klear mei.’’

FRIJWILLIGERSWURK

De urginsje om te skriuwen wie fuort. Der wie wat ûnrêst troch sykte thús en it rûn allegearre net sa lekker mei syn frijwilligerswurk – De Jong is ûnder oaren presintator. ,,Myn holle siet ek te fol. Ik haw ôfskied naam fan in oantal dingen en doe wie der ynienen wer romte.’’

Boppedat, De Jong hoecht no net mear te klussen. Se binne fan de buorkerij yn Boarnburgum ferhuze nei yn kreas hûs op It Hearrefean. ,,Der moast noch hiel wat barre oan dy âld pleats, ik hie gjin nocht mear oan ferbouwen’’, seit er.

Sa kamen de wille en tiid om in ferhaal te betinken dochs werom. De Jong sammelet ynformaasje en slacht dy op. ,,Hjir’’, en hy tikket mei de wiisfinger tsjin de holle, ,,sit alles wat ik brûk foar in ferhaal.’’ Dus gjin útskreaun plan fan oanpak? Ek net in útwurke ferhaalline? It griist him oan. ,,Nee hear, neist myn kompjûter leit in notysjeblokje mei allinnich mar seis stekwurden.’’

De museummoard wie ek samar klear. Doe’t er ien kear begûn, stie it yn trije wike op papier. ,,Ja, dat kloppet.’’ Hy is nei syn wurkkeamer rûn en hat it foar de wissichheid neisjoen op syn kompjûter.

De Jong glimket: ,,It oare ferhaal spile him fier fuort ôf, dat ik haw it no mar ticht by hûs hâlden.’’

Museum Belvédère stiet model foar it plak dêr’t de sinnige keunstner eksposearret. ,,In prachtich gebou op in moai plak’’, fynt er. De Jong is der yn de buert hikke en tein op in pleats en ken de omjouwing goed. ,,Ik ha al it museum skille om te freegjen hoe’t it no krekt siet mei de befeiliging. Oft der kamera’s rjochten binne op in plak dêr’t ik de moardner delride litte woe.’’

FAN FAN KRIMI’S

Deynspiraasje foar it ferhaal wie der ek samar. Hy en syn frou binne fan fan krimi’s. Ingelske searjes binne goed, mar de Skandinavyske ek. Flikken Maastricht meie se ek wol leie. Se nimme ôfleverings op en sjogge dy dan letter werom. ,,Nei de praatprogramma’s sjogge wy al lang net mear. Dêr ha wy ús nocht fan.’’

Nei it sjen fan al dy searjes, witte je ek wol hoe’t je in moard oplosse moatte, seit er. De Jong lit it ferhaal yn Oranjewâld begjinne. It earste haadstik, de prolooch, hat er sels meimakke. Wat er deryn beskriuwt, stiet eins los fan it ferhaal mar wie wol de ynspiraasje foar it begjin en it plak dêr’t it lyk driuwt.

De lytse Ferdinand hat hast op itselde plak alris in stoflik oerskot driuwen sjoen. ,,Ik siet der as jonkje te fiskjen doe’t ik wat yn it wetter seach. Efkes fierderop stie in fyts. It wie in man út De Knipe dy’t him tekoart dien hie.’’ Hy tinkt der nea mear oan. ,,Mar ik kin my noch altyd wol de kleur fan de pakken heuge fan de brânwacht dy’t de man út it wetter helle. Read wiene se.’’

Nei de fynst fan de deade frou komt resjersjeur Annet Hillema yn aksje. Sy freget har âld-kollega Paul Graafsma om help. Om de saak op te lossen, giet dy op ûndersyk út yn Itaalje, dêr’t hy efter de wierheid komt. De Jong beskriuwt sekuer hoe’t de wrâld der dêr útsjocht. ,,Nee, ik hea der nea west. Mar op ynternet kinst alles fine.’’

Sa as bygelyks de Alberto Ristorante Pizzeria Al Camin yn Bergantino dêr’t de speurnoas bedarret en ynformaasje krijt oer it slachtoffer. ,,Dy bestiet echt dus.’’

PUZELSTIKJES OP HAR PLAK

Yn it ferhaal lit De Jong de lêzers sprongen yn de tiid nimme. Sa wurde it ferline en it no ferbûn en falle de puzelstikjes op har plak. It is eins in ferhaal yn in ferhaal. De Jong lit sa ek de lêzer mei-speure nei de wierheid. Mar net alles wurdt ûntbleate. Der bliuwe noch wat losse eintsjes. Der moat foar de lêzer wat te rieden bliuwe, fynt de skriuwer.

En as lêzer soene je ek wol wat mear witte wolle fan de âld-resjersjeur Graafsma en oer Annet Hillema. Bysûndere minsken dêr’t noch folle mear yn sit. Gjin noed, seit de skriuwer. Hy wol de personaazjes mear útwurkje yn it folgjende ferhaal. ,,Want mei Paul en Annet bin ik noch net klear.’’

Mei skriuwen dus ek net? ,,Dit smakket wol nei mear. It soe samar ris in rige wurde kinne.’’

De museummoard.

Titel

Ferdinand de Jong.

Skriuwer

Bornmeer.

Utjouwerij

19,90 euro (192 siden).

Priis

www.bornmeer.nl.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen