Ynstallaasje.

De installatie duurt 10 minuten. Kenne jim dy? Nei lang berie wie it dan sa fier, heit en mem sille ek online. Soanleaf hat in wike earder nei de Hoofdplaats west en sa'n selde pakket ophelle en mei grut gemak yn gebrûk naam. Kin er einliks nei eredivisie live sjen sûnderdat it om de twa tellen liket dat it spul stillein is wylst yn it echt krekt in goal fallen is. Te min delhelsnelhyd. Mar no giet it as in spear! Dus dat sil ik yn in moarnskoft wol efkes klearmeitsje. Hie ik tocht. Alles wurket, mar it oantal ljochtsje dat in teken fan libben jout bliuwt efter by myn thússituaasje. Nei in lytse tsien minuten in frommis yn it ear dy't seit dat alle meiwurkers it tige drok ha blykt dat it modem net online komt. Dat koe ik ek wol sjen!
Moarn sil in monteur sjen oft ik alle triedden goed oanelkoar knope ha. Sil wol net.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen