Mei tank oan de doarpskrante.

Wieke de Haan seit dat alle Fryske skriuwers in eigen webloch begjinne moatte, wa bin ik dan om dat net te dwaan! It reint dat it miigt en it is snein, moaier kinne je it net krije. Myn âlde skûlnamme wer út de kast helje. Efkes útlizze: foardat ik mei Guozzeflecht oan it skriuwen wie, skreau ik stikjes foar de doarpskrante, de romrofte Boarnhimster bining, wa ken it net. Under de namme Stikelstekker. Ien kantsje foar elts nûmer. Dat printe ik dan út en stoppe it yn in slúf, wachte oant it tsjuster wie en wipte it dan by it redaksjelid dy't de kopy sammele troch de brievebus. De earste kear tige spannend fansels, soe it wol of net pleatst wurde? Mar ferdomd ast net wier is, it stie deryn! Sa krige ik de smaak te pakken en die der flyt op om de stikjes op tiid klear te krijen. Oant dy kear dat der ûnder myn epistel in oprop stie dat de skriuwer him bekend meitsje moast oan de redaksje, oars soe it net wer pleatst wurde. Ik ha it noch ien kear besocht, mar de reaksje wie koart en helder: Jammer dan. Dêr foel ik yn it swarte gat. Dy stikjes hienen net it measte om 'e hakken, mar ik fûn it aardich dat it folk deroer spekulearre wa't dy skriuwer no wêze soe. Dwers yn de kop besleat ik net wer foar de doarpskrante te skriuwen. Se moasten it mar witte. Mar doe, gjin doel mear yn it libben fansels! Om koart te kriemen: op in jûn mei rotwaar bin ik efter it skriuwizer sitten gien en nei in moanne as trije kaam de earste fersje fan it manuskript dat no as Guozzeflecht yn de boekhannel leit en dat jim allegearre keapje moatte fansels út de printer rammeljen. Mei tank oan de doarpskrante dus! 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen