Trein

We skriuwe 17 maaie 2009. Foar in soad Feanfans sil dizze datum wol wat betsjutte, ja, dy dei wûn de Sc de beker. Wy wienen der ek by, yn de Kuip. Mar dêr woe ik it net oer ha, ik woe it oer de reis ha. Hinne stienen we as fee tusken hikken yn te wachtsjen op de trein, mar, we kamen der. Weromreis sei ik tsjin myn heit, krekt 70 west, mar gau nei it stasjon, oars moatte we lang wachtsje. We rêden it op, yn de earste trein, we koenen sels noch sitte. Yn Swol, sûnder opjêfte fan reden stie it spul stil. Gjin tsien tellen of sa, nee, in healoere. Oant de dei fan hjoed wit ik net werom, de lêsten komme krekt foardat it ljocht wer oan de kym ferskynt oan yn it Haachje. Neffens de NS wie it knap gien.
Hjoed mei de trein nei Starum, mei as tagongskaartsje Los sân fan Greet. Dy treinen ride dochs, dus jo hoege gjin miljeubeswieren te hawwen. Goed, yn de auto hie ik al hinne en wer werom west, mar it is foar de bern ek wer ris wat oars. Komme we weromreis yn Snits, de trein ryd fuort, flak foar de oergong by snackbar Van der Wal stoppet it spul wer. De masjinist rint mei in stielen gesicht nei efter en ryd werom! Hy stoppet wer op it stasjon, nimmen stapt yn, hy stapt út, rint bûtenom wer nei de foarein en giet wer fierder.

It frjemde is dat wy, net faak brûkers fan de trein, de ienichsten lykje te wêzen dy't soks núver fine. De rest sjocht nei bûten mei in gesicht fan: it makket my gjin reet út hokker kant as dit ding útgiet, of se besprekke har studinteprobleemkes sa dat de hiele kûpee meigenietsje moat. Jou my de auto mar.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen