Ekstra sjoernaal of earste aai.

Nijs!

Alaarm! Foar in ekstra sjoernaal wurde alle programma's ûnderbrutsen. Wat soe der wêze? Obama syn hûn dea? Hat Ahmadinejad sein dat Beatrix tenei in bûrka oan ha moat? Is de Geliefde Leider demint ferklearre? De strjitten streame leech, eltsenien skood hymjend foar de kykkast. Earst noch in blokje reklame fansels, dan is it safier. 'Er is nieuws uit Den Haag,' seit it minske. Och heden, no je. Soe der wer in kamera fêstlein ha dat ien fan de fraksje fan it CDA nei it húske moat? Hat shownieuws útfûgele dat Geert en Mark yn har studintetiid stiekem wolris oan de wetterpipe sitten ha?
We geane streekrjocht oer nei Ferry. 'Vertel Ferry, is er witte rook?'
'Ja, ik denk dat er witte rook is!' Underwilens stroffelt er oer in kabel en komt mei in fan pine ferlutsen gesicht wer oerein, mar dan sjocht er de trije oankommen, Maxime, Mark en Geert. Alle pine is ferjitten.

Sil ik jim ris wat nijs fertelle? Juster ha ik tegearre mei myn dochter it earste aai fan it team piken dy't fan't maaitiid útkaam binne út it nêst helle, dat is nijs!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen