Stikelstekker?

De krêft fan de ferbylding.

As jo stikelstekker yn it Frysk wurdboek opsykje, sjogge jo dat it trije betsjuttings hat.
De earste is in lyts skepke om stikels út it lân te stekken. Ek kin it de persoan wêze dy’t de stikels út it lân stekt. De tredde betsjutting is wat dreger. Een hekelaar, ofwol vitter. Hekelje betsjut flaaks of himp hikkelje, it sied fan it kaf skiede, dreech wurk dat eartiids op min trochwaaide souders of yn tsjustere skuorren barde. (sjoch de tsien fan Martens Afke der mar op nei). Een vitter is een stikelstekker, der komme jo net fierder mei, mar yn Van Dale sjen. Vitterij is kleingeestige bedilling, moaie omskriuwing. Kleingeestig is yn it Frysk neargeastich, of nearzich, en dat dekt de lading fan wat it wurd ynhâld better as yn it Nederlânsk, (oarsom komt ek foar). Bedillen is dan wer min of meer gezochte aanmerkingen maken. Immen dy’t stekken ûnder wetter jout. Dat is technysk besjoen de betsjutting van it
wurd. Dermei is de skriuwer bekend makke, en soe it derby litte kinne, mar it leit wat oars.

Wêrom skriuwe minsken? Wat driuwt harren om op papier te setten wat har troch de  holle spilet?
Is it de ferbylding, de grutte rykdom de wurden fine te kinnen om op te skriuwen en dêrmei in ferhaal, in lofdicht, in column, in sjoernalistyk stik, in brief oan immen, in roman of hokfoar stik dan ek foarmje te kinnen?  Ik kin allinnich foar skriuwer yn kwestje sprekke. As jonkje siet ik yn de bieb en lies wat oare skriuwers oan it papier tabetroud hienen. Ik naam boeken mei nei hûs en lies by it nachtlampke te lang en tefolle. Dreamen kamen dy’t de te swiere boeken nachts opnij belibje lieten, sliepend doarmje oer de oerloop oant mem my wer op bêd brocht. Mei it âlder wurden ferdwine de dreamen, útsein ien. Sels skriuwe, dat woe ik. En dat komt der dan net fan. De gewoane dingen geane foar dat sweverige gedoch, it nimt een soad tiid en it smyt neat op. Mar dochs bliuwt it altyd yn de efterholle hingjen. En dan geane jo op in jûn, altyd op jûn, skriuwe dogge jo jûns en nachts neffens my, achter it skriuwark sitten en dogge wat jo al tweintich jier dwaan moatten hienen, skriuwe! Net mei it doel der ryk mei te wurden mar om domwei it te doarren. Om de ferbylding fan oare minsken te fuorjen, net mei pretinsjes mar mei wille. En it jout in soad wille. De minsken wolle witte wa hat dat stikje makke, wa sit der efter? As ik in boek lês sjoch ik it altyd yn kombinaasje mei de skriuwer. Sa fan: o ja dat koene jo fan him of har ferwachtsje. As ik net wit wa it skreaun hat begjin ik der oer te tinken, dan begjint de ferbylding. Wêrom, wat bedoelt sy of hy dermei en wa hat dat no skreaun. En troch it te lêzen hoopje jo de skriuwer te finen, te ûntmaskerjen. Dat is de mystyk dy’t derfan útgiet, de sjarme fan it wurden kombinearje en der in persoan by te sykjen. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen