Thialf moat nei de Flevopolder

It bliuwt griemen yn de marzje mei dy bestjoerders. Nim no de KNSB. De Keninklike boun fan preamkeskowers. Dêr ha se yn al har wiisheid miend om Doekle as foarsitter oan te stellen. Ik ha net folle mei dy man, omdat er allinnich wat sizze kin oer ûnderwerpen dêr't er syn jild mei fertsjinnet. Dêr byt er him yn fêst, en komt op alle fragen mei troch amtners ynflústere klisjee antwurden. Neffens my hat er sels noch nea wat betocht. Dat docht ek wol bliken, no praat er de minister wer nei de bek, as dy seit dat Thialf net perfoarst yn It Feen komme hoecht.
Dat is in iepening, sei ien fan syn souffleurs. En sprekpoppe Doekle docht syn ding. Jeuzelje oer de fluchste leechlânbaan yn de wrâld, en dat it him net útmakket wêr't dy komt. As foarsitter. As Fries woe er dan noch wol sizze dat er it wol aardich fine soe as Thialf wol yn it Haachje bleau.(......) Hjir stie in raar wurd. Dat sil ik net op it web sette, want alles wat u zegt...

Wêr binne de ideeën? Wat ha we hjir oan in baan dy't in kopy fan Astana of Tsjeljabinsk wurde sil? Van Gaal soe wol sizze, bin ik no sa dom? It is in ynkopperke. Yn tsien rigels sil ik jimme fertelle hoe't wy in bettere baan krije as Salt Lake City.

Thijs Zonneveld, âld hurdfytser, hat in plan oer hurdfytsen. En dat plan bestiet út it oanlizzen fan in berch fan twa kilometer hichte, yn de Flevopolder. Boppe-op dy berch moat Thialf komme. Dat is sa helder as wat, dizze kâns komt mar ien kear foar. Allinnich jammer dat Doekle it net sjocht. Sa, no ha'k it yn fiif rigels sein. Thialf as de fluchste baan yn de wrâld, Doekle moat dizze bloch lêze, dan sille syn amtners wol fertelle hoe't er dit 'duiden' moat.

Yn dit artikel stiet it ek al. 
http://www.ad.nl/ad/nl/1012/Binnenland/article/detail/2878880/2011/08/31/Die-Nederlandse-berg-van-twee-kilometer-komt-er.dhtml




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen