Min waar op 'e Lemmer?

Stel jo ha ambysje om in krystmerk op poaten te setten. Yn de regel spilet soks him ôf yn desimber. Leuk idee, Glühwein en in soadsje evergreens út de blikkerige lûdsynstalaasje wei, prachtich. Dat freget tarieding, en dat spilet him dan faaks yn de simmer ôf. En dêr sit it gefaar. 

Moandei spile de waarman fan de Omrop mei fjoer troch doe al te sizzen dat it freed âlde wiven en foarketinen reine soe, mei stoarm der op ta. En daliks reagearre de organisaasje troch mei in sneu ferhaal oan te sizzen dat it spektakel net trochgean koe. Fout, minsken, der is neat feroarliker as it waar, en de foarsizzings. 

Wat wolle jim dan? Op papier is it winter. Yn ús lân is dat meastal wat waaie en in bui hjir of dêr. Dat witte jimme yn de simmer ek al. Niis bin ik efkes bûtendoar west, en yndie, it waait wat, mar de skûtsjes hienen sels yn Langwar noch wol farre kinnen. En der foel wat rein, letter op de dei koe it wolris op snie útdraaie. No, dat is waar foar in krystmerk.

Miskien dat oar jier de organisaasje in sintrum fan De Lemmer oerkaapje kin, dan is de faktor rein al lyts man makke. Wol op tiid oanfreegje, hear, ik soe der mar hast mei dwaande. En dan mar hoopje dat it net stoarmet. Watjes binne jim, oant yn de grûn bedoarn. 

As de âlvestêdetocht ea wer trochgean sil, en it soe op dy dei tafallich frieze? Net dwaan, ôflosse dy saak. Dêr kinne de minskjes net mear oer hjoed-de-dei. Wêr ha we it hjir oer? 

  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen