Frysk yn 2012?

It Frysk mei bliid wêze dat de top 2000 mar in wike duorret. De radio sit hjir oars fêstruske op 92.2 FM. Mar ik bin al in wike sûnder Omrop. As stopje mei smoken sa maklik wêze soe as tajaan oan de top 2000, en je soenen smoken ferfange troch Frysk? Dan like it net bêst. It nijs komt dizze wike út de krante, en út eardere blochs witte jim al dat de LC ek al foar it Nederlânsk keazen hat. Dus ha ik wat lêst fan it gewisse. Sels de top 100 lit ik oan my foarbygean, foar it earst. Kate Bush en Jimmy Hendriks winne it hjoed fan Gryt en Gurbe.

Yn myn buske stiet de radio noch wol ôfstimd op de Omrop, omdat de antenne yn sa'n deplorabele steat is dat er oars gjin sinjaal oppikke wol. Dus as ik nije wike wer oan it wurk sil, is de kâns grut dat ik wer nei de plysjeberjochten fan de Omrop hear. Der sit ek in CD-spiler yn, mar dy hat winterdeis lêst fan de damp, dus ferhipt er it. Bandsjes wurde opfretten, dus je meie wol sizze dat de Omrop rêden wurdt troch in waardeloaze radio. En dat sil noch wol in jier duorje, want de bus is krekt troch de APK kaam, mei flagge en wimpel, mei ik wol sizze.

Highway to hell is der no op, by the way, headbange mei luchtgitaren, dus.

Foar de minsken dy't miene wat se sizze en skriuwe: Alle goeds yn 2012. En dizze bloch wurdt foar it grutste part yn it Frysk skreaun, dat sil it kommende jier wol sa bliuwe. As de bus net yn de poeier giet, teminsten.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen