Seks en de dea

Nee, dit wurdt gjin obskuer stikje oer in nekrofyl. Foar my leit de Boerderij fan alles dat mei funêre saken te meitsjen hat. De Libelle fan de deagravers.
Op it earste gesicht miskien wat dreech foar it wykein, mar dat falt ta. De Begraafplaats is in glossy, dy't fan alles skriuwt oer de dea, en alle omballingen dêromhinne. Yn full-color. Echt in oanrieder. It nûmer foar de feestdagen hat as tema de leafde meikrigen. Dat ropt al wat mear assosjaasjes op. De leafde foar immen dy't je ûntfallen is, bygelyks.

Mar der is mear. Dizze quote stiet boppe it ferhaal dêr't ik it hjoed oer ha wol:

Toch is seks op de begraafplaats van oudsher een heel gewone bezigheid. (Anja Krabben)

In befêstiging fan eat dat ik al in skoftsje wist. Sûnt it Noarderhôf yn Drachten fan syn beskûljende beammen en hagen ûntdien is, omdat se oan ferfanging ta wienen, merk ik der neat mear fan. Hoe oars wie dat doe't je dêr noch wol út it sicht wienen. Moandeis lei der geregeld wat oars dan ôffal, oerbleaun nei in besite oan in grêf. De Drachters wisten it hôf ek as plak te wurdearjen foar it bedriuwen fan de leafde.

Lokkich hat 'la petite mort', sa as it hichtepunt faaks neamd wurdt, nea laad ta kalamiteiten. Se sille no wol yn ien fan de prachtich opknapte parken fan Drachten harren keunsten fertoane.

Yn de midsieuwen wie dit gewoan. It hôf lei om in tsjerke hinne, en dêr waard gokt, dronken, iten en de leafde bedreaun. Soks giet ek wolris mis, yn juny fan dit jier is yn Ingelân in frou jammerlik om it libben kaam omdat de stien dêr't se stipe socht tidens in heftige frijpartij ommitere, en sy rekke derûnder.

Hjoed-de-dei wurdt der skande fan sprutsen as der in steltsje trapearre wurdt op in tsjerkhôf, mar dat it noch altyd foarkomt, en net yn fiere lannen mar gewoan yn Fryslân, dêr stean ik foar yn. Byldhouwers ha harren yn de rin fan de jierren ek útlibbe as it op eroatiske grêfmonuminten oankomt. Yn de Begraafplaats dizze kear in pear prachtige foto's as foarbyld. Ien dêrfan lit twa prostituees sjen, dy't op en om it hôf harren klandyzje sochten. Utlis liket my net nedich.

Konklúzje:
In prachtich sfearbyld oer ien fan de gewoanste saken op de wrâld, dus, mar noch altyd yn it ferdomhoekje treaun troch minsken dy't de sinne net yn it wetter skinen sjen kinne.

De Begraafplaats is in útjefte fan it LOB. Mear op www.begraafplaats.nl






Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen