Camataru



It Feen wint fan AZ. Dat is moai. Oan de oare kant soe it gjin nijs wêze moatte, want It Feen heard thús fan alle klups yn de eredivisie te winnen.
Moai wie ek de fraach oan Ron Jans oft dit de bêste wedstriid fan It Feen ûnder syn lieding west wie. Hy koe noch ien echte klapper betinke, foarrich jier tsjin Twente. Sa.

Hjoed foel op dat de mannen allegearre krekt in stapke hurder rinne woenen. Sels by Elm like it wol of hie er wat frjemd guod rektaal ynbrocht. Soe dat komme omdat er tsjin syn broer spile? De grinttegel tsjin it snoepke by de boadskippen? Dizze kear hat it snoepke wûn.

En de trainers? Verbeek stie it grutste skoft neist de dug-out, en lies neitiid in gedicht foar. Like nochteren as dat er is. Jans stie mei in glimmende holle de parse te wurd, om te orakeljen hoe goed der spile wie. Dat mocht er ek dwaan, foar dizze kear. Dêr sil ik neat oer sizze. Mar om no daliks te sizzen dat It Feen twawykliks de 25000 op in show traktearret? No, nee. Dit wie de earste kear dit jier. En dat is nei 15 spile potsjes in striemin gemiddelde.

Wat wie dan de reden dat it dizze kear wol slagge? De duistere machten in de sport. Of... Cammie wie der. De meast balfêste spits dy't ea yn It Feen spile hat. Miskien hat dy Roemeenske sigeuner de saak wol betsjoend. Mocht dat sa wêze? Jou de man in seisoenskaart en lit him eltse 14 dagen ynfleane. Wurde we wis kampioen, want, en dat is ien fan de earste kompliminten dy't ik oan Jans jou, as we eltse wike bringe wat we hjoed brochten is der gjin ploech yn Nederlân dy't wat tsjin It Feen yn te bringen hat.








 




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen