Top 2000

Sjoch ris oan. It libben is sûnt tolve oere in stik oersichtliker wurden. Gjin flauwe krystfilms, gjin werhellings fan hokker ûnsinshows dan ek, mar noflik nei de radio lústerje. Foar de jongere lêzerkes: in radio is in nuveraardich kastje dat meastal by wat âldere minsken yn de keuken stiet. Der komt de godgânske dei muzyk út, en in soad (Frysk) geouwehoer.

Mar no efkes net. De plysjebrjochten fan de Omrop oer it safolste jonkje mei in ferbean rotsje en de safolste keardel mei in pear pilskes op: dat komt oar jier wol wer. Fierder is der dochs neat te melden, dus tiid foar wat oars. Noflik nei alle âlde nûmers harkje dy't je hast allegearre meisjonge kinne. Dizze wike hearde ik in man dy't sei dat in libben yn muzyk útbylde wurde kin, en dat is ek sa. By de measte songs witte je daliks wat je by de ein hienen.

It is fansels falske romantyk, hjoed-de-dei binne al dy platen op youtube te beharkjen, en as ik myn bêst dwaan soe, kom ik der ek wol 1900 op myn bandsjes en LP's en CD's tsjin, mar it bliuwt lekker. Guon binne mei te spyljen, want ik kin no al trije akkoarden. Myn hûsgenoaten sjogge nei twa oerkes al net sa bliid mear, haha!

O, ja. Der stiet te min Tom Petty en te min Heart yn dy top 2000, mar lokkich ha 'k dêr sels alles wol fan. Op sa'n swarte skiif. Ik sil net iens besykje út te lizzen wat dat no wer is. Aanst wolle se (dochters) dêr ek noch midden, en ik soe net witte wêr't ik in nije nuddel foar in Marantz platespiler sykje moat.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen