Krystferhaal


It is de dei nei de kryst. Guon neame dat de tredde krystdei. Auke sit mei in daam yn de mage wat te kompjûterjen. Twa kear al is er nei it húske west, en noch borrelet him it liif, hy heard it boppe de muzyk fan de Top 2000 út. Wat soe it west ha dat de terms sa in de war bringt? Hy giet it miel nochris bydel, ûnderwilens produsearret er de meast ûnnoazele tweets, yn de hope dat der op reagearre wurdt. Twa bakken patat en in hânfol bitterballen, omdat er dy oansjoen hie foar kroketten. Fjouwer glêzen Jack Daniëls foar it boadskipjen is gjin goed idee, hy is bliid dat er de karre as in soarte fan rollator brûke koe, dy ferhipte terms ek.   
Auke sit al jierren eltse tredde krystdei efter de kompjûter, omdat der dan faaks leuke berjochten op ynternet komme oer de krystdagen. De besites oan famylje, de fretpartijen, de reiskes nei Ikea. Dêr fynt er soms in stikje fan it krystgefoel dat er sels jierren lyn ek fielde. Dêr priuwt er de foute feestjes, it byelkoar opswearen oer hoe goed we it dogge, de jaloerske eagen dy’t oer de nije auto hinnegliere, dêr heart er it te fluch leech klokken fan de reade wyn en foaral it krekt te hurd en te gau laitsjen.
Hy siket yn de krante, hjoed komt Festen der noch net op, jammer. De Millennium searje hat er al sjoen. Festen ek, mar dat ferfeeld nea. Auke sjocht op de meast obskuere websides, sa bedarret er op in literêre side, folslein yn it Frysk. Procol Harum sjongt oer A salty dog. Auke wurdt wei yn in brij fan mieningen, stellingen en drege stikken oer hoe’t it moat mei de taal dy’t syn mem him ek leard hat. In taal dy’t er gewoan eltse dei op it wurk brûkt. Sels dy iene Grinslanner snapt syn wurden as er seit dat er opsjitte moat. Auke sjocht hoe langer hoe ferhearder nei alles dat oer it Frysk skreaun wurdt. Nei in healoere snapt er der hielendal neat mear fan. Hy wurdt balstjurrich, en dan helpt it dat Creedence Clearwater Revival’s Down on the corner op de radio is. Yn it ritme fan de muzyk tikket er de meast idioate dingen, en laket as er se it www op stjoerd.
Auke is bewust single, sa as se dat sizze. Hy rêd himsels. Mei alles. Gadfer, wêr sa’n nijerwetske balade, it soe ferbean wurde moatte. Hy wachtet op 1248, The crash test dummies, mei Mmmmmmmmmm. Past moai by Festen, mar dy komt moarn pas, op Canvas. Hy krijt oanstriid om alfêst ien te nimmen, mar dan koe er by nûmer 1240 de flappen wolris oer de eagen ha, dus noch efkes wachtsje. Ha, dêr is in reaksje op twitter. Mar net wat er ferwachte hie, dit giet daliks de djipte yn. En lit er dêr no net op sitte te wachtsjen? Efkes stiet er yn berie, en dan tikket er wat werom. In kertier letter is de list mei reaksjes trije kear langer as dat er woe. O, Jack Daniëls, hoe lekker bisto. Alice Cooper! O, yes!!! I wanto be elected.
Auke net. Dy wol gewoan dwaan wat er docht, en dat is al dreech genôch. Noch ien kear fleane syn eagen oer de literêre side. Genôch sjoen hjoed. Kim Wilde, mmm, kreas fanke wie dat. Cambodia. Soe it dêr ek sok rotwaar wêze?  
   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen