2018 en it Frysk

Moai dat sa'n man út Liverpool hjir komt en ús besiket waarm te meitsjen foar kulturele haadstêd 2018. Mar de fergeliking giet al wat mank.

Sûnder immen tekoart te dwaan, Liverpool hat The Beatles, wy ha Dy Twa. Liverpool hat Anfield Road en The Kop, wy ha Cambuur. Liverpool is kultuer, en wat ha wy? Jaseker, kultuer genôch. Mar, oars as dy Britten, binne wy der oer it generaal net grutsk op.

Efkes in sydstrjitte: de Fryske muzyk docht it hartstikkene goed. Der komt sels oerdei in Klipkar. Klipkar, ja. De kar is makke foar de klip. It is fansels prachtich dat de Fryske muzyk libbet as nea earder. En de Omrop docht dêr ek in soad oan. Dêr wol oan, ja. Mar allinnich mei de Bonkefeart wurde je gjin kultuer haadstêd fan Europa. Dan sil der ek oan oare keunstfoarmen dien wurde moatte. En troch de Omrop yn byld brocht of op de radio te hearren wêze. In programma oer skreaun Frysk bygelyks.

It sit sa: wy ha gjin skyn fan kâns om kulturele haadstêd fan Europa te wurden, te min jild, te min ambysje en gjin draachflak ûnder de minsken.

MAR WE KINNE IT WOL WURDE!!!

Omdat, en dat is ús grutte foardiel, wy it Frysk ha (en de streektalen). Dêr soe mear de neidruk op lein wurde moatte. It iennichste wat ús oars makket is dat wy Calimero binne. Mei in eigen rykstaal, dy't troch alles en eltsenien ferkettere wurdt. As bygelyk in LC belied makket om gjin artikels mear yn de eigen taal te skriuwen, dan brekke je ien fan de wichtichste boustiennen fan in mooglike kanditatuer ôf. Mar, dan ek net piipje as it klauwen mei jild kostet en úteinlik Eindhoven of Utert de priis krijt, graach. 

Us taal jout de trochslach. As de deidreamers dat net foar it ferstân ha? Daliks ophâlde mei jacht meitsje op de wyn. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen