Barre klem

Sinteklaas hie it bêst mei my foar. Ik ha no guod foar yn de dûs, en as ik dat brûk, steane der daliks in hânfol hitsige froulju om my hinne, as ik de reklame leauwe mei. De fraach is wêrom't Sinteklaas my dat ta ha wol, maar dit terzijde. As kompensaasje krige ik in anty rimpelkrêm. Sjoch, dan witte je daliks hoe't de flagge der by hinget.

In BlackBerry siet ek yn de semintbak. Efkes útlizze: wy brûke sa'n swartenien om de kado's yn te sammeljen, maklik en der past in soad yn. Dy BackBerry wie fan sûkelarje. Fjoerstientsjes, fêste prik, ik kin krekt in jier ta mei seis yn in pakje, ornearre far de Zippo.

Dan dy barre klem. Witte jimme wat dat is? In handich device dat jo in toantsje heger sjonge lit. Of wol: op de hals fan in gitaar sitte fretten en as je dêr dy klem op sette, spylje jo in toansoart heger. Prachtich, en daliks klear foar oanpassings, want ik stjitte my de fingers der tsjinoan.

Nei wat tsjinakselen fan minsken dy't net al te folle betrouwen yn myn kwaliteiten as ombouwer fan paskleare ynstruminten blykten te hawwen, ha'k de izerseage krigen en der in stik ôffeegd. Nei dizze modifikaasje is it ek kwa arbo in hieledal fielich stikje ark wurden. No noch gitaarspyljen leare.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen