Roomsker as de paus

Ja, hear. We sitte der wer middenyn. De wiedergutmachungstiid fan it jier. E-cards, berjochten op Twitter en Facebook en net te ferjitten de stream oan kaartsjes troch de brievebus.

'Wij wensen iedereen geweldige kerstdagen en een gelukkig 2012'. Steltsje ligers binne jimme. Allegearre. Fan my sil der gjin berjocht yn algemiene sin op hokker poadium dan ek te finen wêze. Omdat it ien grutte leagen is, dy hiele winskerij. De helte fan de minsken gunt elkoar it ljocht yn de eagen net, allinnich yn desimber binne we dat efkes ferjitten. No, moai net?

Foar alle minsken dy't echt miene wat se skriuwe: alle goeds. En foar de ligers en mei dûbel fel foar de kop segene minsken: myn beppe sei dan altyd, it sil jimme der nei gean.  





Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen