De oudste stapper fan it doarp?

Blinder, dit koe wolris in aparte jûn wurde. It Brune Jaske oan de kaden yn Drachten is der al lang net mear, en dat wie de lêste kroech dêr't ik mei regelmaat hinne gie. Dêr draaiden se lekkere alternative muzyk en it rûkte der nei túnkrûden, foaral yn it efterste stik. The Cult, Pearl Jam en De fûgel yn dy fan Reboelje, datsoarte wurk. Killing in the name of. Mmm, lang lyn.

Hjoed ha 'k it hok opromme, en daliks it ljocht fan de fyts mar neisjoen. Ja, hy sil op stap. Allinnich. Nei de woeste kaden, dêr't it mes noch wolris flikkert, en je in het laatst der dagen de meast frjemde gesichten sjogge.

Ik bin no al wurch... 

En wêr gean ik dan hinne? Hjir.


UPDEET: FOAR DYSELDEN DY'T DER NET WIENEN? IT WIE GEWELDICH!!!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen