Reade diseltenk

It each foel my op dit berjochtsje:

De boer kin oer ynternet meisjen wat der bart, net allinnich om stellerij en ynbraken foar te kommen. Sa komt der in kamera dêr't de boer mei sjen kin oft de melkrobot steuring hat en ien dy't it kealjen yn de gaten hâldt. In tredde kamera komt by de tank mei reade diesel te stean, omdat dêr wolris út stellen wurdt. As it goed wurket, tinkt it befeiligingsbedriuw mear boeren sa fier te krijen dat se kamera's ophingje. (OF)

Doe't wy jong wienen, yndie, lang lyn, barde dat dochs wat oars. Net om nostalgysk te wêzen en op de emoasje te spyljen, mar it is wol wat.
Soe der noch immen wêze dy't wit wat ôfljochtsjen betsjut? As der by ús in ko it wetter kwyt wie, moast der in kear as wat nachts hinne reizge wurde. Wie der in fuotpok? Touwtsjes om de poaten en lûke. As it net woe:  Mei de keallelûker it keal der ôf, droech wriuwe, hânwaskje en wer op bêd. Neat gjin kamera's.

Wy brûkten ek reade disel. Skean foar de pleats siet in tenk fan 1200 liter yn de grûn, mei in hânpomp der op. En dêr siet gjin slot op, lit stean in kamera. Ik wol net leauwe dat der ea in liter stellen is. Letter, doe't de miljeu-idioaten harren hobby ta harren wurk makken, moast it oars. In bak om de tenk, dy't grut genôch wêze moast om dy 1200 liter op te fangen, mocht der in gat yn falle.

Wy sieten doe mei in tenk yn de grûn, mar dat wie samar klear. Efkes mei it skepke om de pipe hinne, en doe de izerseage der yn, krekt ûnder it meanfjild. Laachje grûn en klear. Miskien sit er der noch wol, dy âld linebeam dy't der njonken stie, hat der neat fan te lijen hân, want dy stiet der ek noch.

Neat moaiers as op snein melke, yn de winter. De kij op de Fryske stâl, pûste en blaze as se oerein moasten. In losse sturt dy't yn de jarre lei te giseljen en fansels it jaar der ûnder griemde. En josels ek as je net oppasten. In flik jarre yn de eagen, ik wit noch hoe't it biet. Nei melken de mjukserij oan, it strie opskodzje en dan mei in peukje oan de stâl del sjen.

Jasses, wurdt it dochs noch âldfrinzich. Mar dat wienen tiden. Ik bin gjin tel jaloersk op dy kameraboeren fan hjoed-de-dei.

En o, ja, disel is mei sûnder E, omroepers. 







Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen